De Andesdûker (Podiceps andinus) is in útstoarne fûgelsoarte út 'e famylje dûkerfûgels (Podicipedidae) dy't foarkaam yn 'e wiete gebieten fan Bogotá yn 'e eastlike berchtmen fan 'e Andes yn Kolombia. De net-fleanende fûgel wie yn 1945 noch algemien yn 'e Totamar.

De soarte is faak beskôge as in ûndersoarte fan 'e swarthalsdûker (Podiceps nigricollis). De Andesdûker ferskilde it meast fan 'e swartnekdûker troch syn readbrune, ynstee fan swarte, foarkant fan 'e hals en syn mear oranjekleurige, ynstee fan giele, earplûmkes.

De efterútgong fan 'e Andesdûker wurdt taskreaun oan it drûchlizzen fan wiete gebieten, fersmoarging troch bestridingsmiddels, fersteuring troch it rispjen fan reid, jacht, konkurrinsje en de predaasje op piken troch de yntrodusearre reinbôgeforel (Oncorhynchus mykiss).

De wichtichste oarsaak wie ferlies fan leefgebiet. Troch it drûchlizzen fan wiete gebieten en eroazje waarden de konsintraasjes fan fersmoargjende stoffen heger, wat yn it Totamar ta fermêsting late. Dêrtroch ferdwûn de iepen, ûnder wetter groeiende fegetaasje fan bearzewier (Potamogeton), en ûntstie in tichte ienfoarmige begroeiïng fan wetterflok (Elodea).

Tsjin 1968 wie de populaasje ôfnommen oant mar 300 fûgels. Yn 'e jierren 1970 waarden noch mar twa waarnimmingen dien: ien fûgel waard yn 1972 sjoen, en de lêste wisse waarnimming wie yn 1977, doe't trije fûgels sjoen waarden. Yntinsyf ûndersyk yn 1981 en 1982 levere gjin waarnimmingen mear op.

De soarte wurdt dêrom no as útstoarn beskôge.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Dûker Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Bist útstoarn yn 1977