It Yndysk dûkerke (Tachybaptus tricolor) is in fûgel út 'e famylje fan 'e dûkerkes (Podicipedidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1861 publisearre troch George Robert Gray.

Taksonomy It Yndysk dûkerke wurdt faak as in ûndersoarte (Tachybaptus ruficollis tricolor) fan it dûkerke (Tachybaptus ruficollis) behannele.

Fersprieding en leefgebiet It Yndysk dûkerke wurdt yn trije ûndersoarten ferdield:

T. t. vulcanorum: Java, de Lytse Sûnda-eilannen en de Tanimbar-eilannen. T. t. tricolor: Selebes, Banggai, de Sûla-eilannen en fan 'e noardlike Molukken oant it noardlike sintrale part fan Nij-Guineä. T. t. collaris: fan noardeastlik Nij-Guineä oant Bougainville (de Salomonseilannen).

Status Om't de IUCN de fûgel as in ûndersoarte behannelet fan it dûkerke, hat it Yndysk dûkerke gjin aparte bedrigingsstatus.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkerke Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen