De dûkerkes (Tachybaptus) foarmje in skaai fan lytse wetterfûgels út de famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De namme fan it skaai betsjut "fluch dûkend", ôflaat fan it Aldgrykske takhys ("fluch") en bapto ("ik dûk"). Fertsjintwurdigers fan it skaai komme oer grutte dielen fan 'e wrâld foar, wêrûnder yn 'e tropen. De typesoarte is it dûkerke (Tachybaptus ruficollis).
Skaaimerken Dûkerkes binne knobske fûgels mei in koart snaffeltsje en in opfallend dûnzich efterein. Folwoeksen fûgels hawwe yn 'e briedtiid in in swart mei kastanjeread fearrekleed; wylst se winterdeis meast griis en wyt binne. Fral yn 'e briedtiid is by in dûkerke in opfallend plak by de basis fan it snaffeltsje te sjen. It mantsje en it wyfke sjogge der itselde út. Har poaten sitte hielendal efteroan it lichem en se kinne net bêst rinne.
Dûkerkes briede yn lytse koloanjes of yn pearkes yn swietwettermarren mei tichte begroeiïng. Bûten de briedtiid sykje se ek iepener of kustwetter op. Fûgels yn gebieten dêr't it wetter winterdeis tichtferzen is, binne faak trekfûgels. Alle soarten dûkerkes briede yn driuwende nêsten op it wetter. De jongen hawwe in streke patroon en wurde soms op 'e rêch fan ien fan 'e âlden meifierd. It binne treflike swimmers en dûkers dy't fral op lytse fiskjes jeie.
Taksonomy It skaai Tachybaptus waard yn 1853 yntrodusearre troch de Dútske biolooch Ludwig Reichenbach om ien soarte yn ûnder te bringen: de Colymbus minor (in synonym fan it gewoane dûkerke).
Soarten It skaai omfiemet fiif libbene soarten. It Yndysk dûkerke wurdt faak behannele as in ûndersoarte fan it gewoane dûkerke. Ien soarte is resint útstoarn, it Alaotradûkerke. Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 120px † Alaotradûkerke Tachybaptus rufolavatus Alaotramar, Madagaskar. 200pxTachybaptus rufolavatus op BirdLife 120px Amerikaansk dûkerke Tachybaptus dominicus Midden- en Súd-Amearika en it Karibysk Gebiet. 200pxTachybaptus dominicus op BirdLife 120px Australysk dûkerke Tachybaptus novaehollandiae Austraalje, Nij-Seelân en omlizzende eilannen yn Oseaanje. 200pxTachybaptus novaehollandiae op BirdLife 120px Dûkerke Tachybaptus ruficollis Jeropa, Afrika en Aazje oant Japan en Nij-Guineä. 200pxTachybaptus ruficollis op BirdLife 120px Yndysk dûkerke Tachybaptus tricolor Súdeast-Aazje oant de Molukken, Selebes en de Lytse Sûnda-eilannen. wurdt faak as in ûndersoarte behannele fan 'e Tachybaptus ruficollis, hat dêrom gjin eigen IUCN-bedrigingsstatus 120px Madagaskardûkerke Tachybaptus pelzelnii Madagaskar. 200pxTachybaptus pelzelnii op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai
Kategory:Dûkerfûgel