It Alaotradûkerke (Tachybaptus rufolavatus) is in resint útstoarne soarte fan 'e dûkerfûgels. It wie endemysk op 'e Alaotramar en de omlizzende marren op Madagaskar. Neffens saakkundigen stoar it dûkerke út nei't der rôffisken yn syn natuerlike leefgebiet yntrodusearre wiene. De lêste waarnimming fan it Alaotradûkerke wie yn 1983 of 1985; yn 2010 waard de soarte offisjeel útstoarn ferklearre.
Beskriuwing It dûkerke wie sa'n 25 sm lang. Troch syn lytse wjukken koe er net oer langere ôfstannen fleane. Der wie gjin dúdlik seksueel ferskil yn it fearrekleed, al wiene mantsjes wat grutter as wyfkes.
Hâlden en dragen Fiedsel It Alaotradûkerke libbe benammen fan fisk, al waarden yn 'e mage fan in pear eksimplaren ek ynsekten oantroffen. Syn frij grutte snaffel wie karakteristyk foar in dûkerke dat foaral fisk iet.
Brieden It briedgedrach fan it Alaotradûkerke is min dokumintearre. Om't it gewoane dûkerke en it Alaotradûkerke mei-inoar pearje koene en dêrby suksesfol jongen krigen, wurdt tocht dat de balts en pearfoarming yn desimber plakfûnen, wylst it measte fan 'e briedaktiviteit tusken jannewaris en maart wie. Op grûn fan waarnimmingen fan al wat âldere jongen by harren memmen ein maaie en begjin juny 1929 wurdt lykwols tocht dat der ek yn 'e perioade fan april oant juny aaien lein waarden.
Oer it oare gedrach fan it Alaotradûkerke is net folle bekend. Der wurdt lykwols fan útgien dat it him op in soartgelikense wize gedroech as it nau besibbe dûkerke.
Utstjerren De soarte gie yn 'e rin fan 'e 20e iuw efterút, benammen troch ferneatiging fan leefgebiet, fisknetten en predaasje troch yntrodusearre slangekopfisken. Dêrnjonken krústen de lêste fûgels hieltyd faker mei it dûkerke.
It Madagaskardûkerke, dat ek oan 'e Alaotramar libbe, waard earder ek útstoarn achte, mar waard yn 2006 op 'e nij ûntdutsen. Oars as dy soarte hie it Alaotradûkerke in lyts fermogen om him te fersprieden en waard it nea earne oars oantroffen.
De lêste waarnimming, dy't mooglik in krusing mei it dûkerke wie, datearret fan 1985. Yn 2010 waard de soarte útstoarn ferklearre. Der is mar ien foto fan it Alaotradûkerke bekend.
Hoewol't guon soarten dy't útstoarn ferklearre binne letter dochs noch weromfûn binne, hat Leon Bennun, de direkteur fan de natuerbeskermingsorganisaasje BirdLife International, sein dat der foar dizze soarte gjin hope mear is. Hy warskôge dêrby foar de gefolgen fan minsklik hanneljen.
Mei it útstjerren fan it Alaotradûkerke kaam it tal fûgelsoarten dat sûnt 1600 útstoarn is op 162. De foargeande fûgelsoarte dy't útstoarn ferklearre waard, wie de Liverpooldo (Caloenas maculata) yn 2008. Dêrby gie it lykwols mear om in taksonomysk probleem, om't dy soarte al foar it lêst oan 'e ein fan 'e 18e of it begjin fan 'e 19e iuw libben fêstlein wie.
Fersprieding en leefgebiet Dizze wetterfûgel wie endemysk foar it eilân Madagaskar en kaam allinnich foar en by de Alaotramar en oanbuorjende wettergebieten. It dûkerke hie in dúdlike foarkar foar reidfjilden en papyrusboskjes yn 'e omkriten fan it mar. Dy tsjinnen as syn wichtichste briedgebiet.
Kategory:Dûkerke Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Bist útstoarn yn 2010