De griiskopdûker (Poliocephalus poliocephalus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De soarte briedt yn it suden fan Austraalje en oerwinteret op it hiele eilân Tasmaanje. De fûgel hat syn namme te tankjen oan 'e sulverwite streken op syn swarte kop. Yn Austraalje is it in algemiene soarte, mei in populaasje fan likernôch 500.000 fûgels. Syn leefgebiet liket op dat fan it Australysk dûkerke.

Skaaimerken De griiskopdûker is in frij lytse dûker, dy't donkergriis en wyt fan kleur is. Hy hat in brún each, in swarte plak ûnder it kin en in smelle swarte streek oer de efterkant fan 'e hals. Yn 'e briedtiid hat it fearrekleed fan folwoeksen fûgels griiswite streken oer de hiele kop. Jongen hawwe in wyt kin en in wite kiel en in streke antlit.

It mantsje hat twa fearrekleedfazen. Nei de briedtiid ferliest er it bêzjebrune boarst en de wite streken op 'e kop en dan is er meastentiids te werkennen oan 'e brede swarte streek oer de efterkant fan 'e hals.

Ofbylden

Fersprieding en leefgebiet De griiskopdûker komt foar yn alle steaten en territoaria fan Austraalje. Yn 'e drûge sintrale gebieten fan Austraalje ûntbrekt er oer it generaal. De griiskopdûker is meastentiids ek fierder fan 'e kust ôf te finen en op grutte iepen wetters, lykas estuaria fan brak wetter of swiet wetter. Ek yn smout kustwetter komt er foar. De soarte wurdt bytiden ek yn Nij-Seelân sjoen, mar is dêr folle minder algemien as yn Austraalje.

Iten De griiskopdûker yt lytse wetterdierkes en lidpoatigen, dy't er meast oerdeis troch djip te dûken fangt. As der net folle ljocht is siket er ek iten op it wetteroerflak.

Briedtiid Griiskopdûkers briede fan augustus oant jannewaris. De nêsten binne driuwende platfoarms fan wetterplanten, dy't lykje op dy fan it Australysk dûkerke. Se lizze meastentiids in ein fan 'e igge ôf, tusken reid of oare wetterplanten, dêr't se oan fêstmakke wurde en foar in part troch stipe wurde.

Boppe-op it nêst sit in ûndjippe útholling dy't mar krekt boppe it wetter útkomt, sadat de aaien yn wetter of focht lizze. As de briedende âlder it nêst ferlit, wurde de aaien ferburgen ûnder stikjes wiete begroeiïng, sadat it nêst leech liket. Yn 'e folle sinne bliuwe de bedutsen aaien waarm en fochtich en kinne se in skoft sûnder tafersjoch bliuwe.

De aaien binne ovaal en wyt, mar krije al gau in brúnige okerkleur troch it fochtige plantemateriaal. In lechsel bestiet yn 'e regel út twa oant fiif aaien. De briedtiid duorret 20 oant 24 dagen. De aaien binne likernôch 39 × 27 millimeter grut.

Status Mei in grut ferspriedingsgebiet en gjin oanwizings foar in wichtige efterútgong fan 'e populaasje wurdt de soarte troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). Neffens in rûzing fan 2024 bestiet de populaasje út 16.600 - 670.000 folwoeksen fûgels

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Griiskopdûker Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân