In somby-apokalyps is de ynstoarting fan in maatskippij troch de ûnbeheinde en/of ûntsjinkearbere fersprieding fan in besmetting dy't normale minsken feroaret yn kannibalistyske sombys. Dit is in subsjenre fan horror, science fiction en apokalyptyske en post-apokalyptyske fiksje. De maatskippij dy't troch sa'n somby-apokalyps troffen wurdt, is ornaris de Westerske of de hiele minsklike beskaving. Yn 'e regel binne der mar inkele yndividuën of lytse groepkes minsken dy't de ramp oerlibje.

Der kinne ferskillende oarsaken oanjûn wurde fan 'e somby-apokalyps. Ien fan 'e meast foarkommende is in uterst besmetlik firus, sadat it eins (ek) om 'e útbraak fan in pandemy giet. It kin ek gean om in oerdraachbere parasyt. De oerdracht fan it firus of de parasyt wurdt ornaris beävensearre troch in byt. De oarsaak kin ek in wittenskiplike ûngemak wêze. Yn guon fiksjewurken is de oarsaak fan 'e somby-apokalyps ienfâldichwei ûnbekend.

It komt foar dat de sombys eins de deaden binne dy't wer ta (in likenis fan) libben komme, mar it kin ek wêze dat it libbenen binne dy't troch har besmetting har hiele oarspronklike persoanlikheid ferlieze en wurde as wiene se ferskuorrende bisten. Faak, mar net altyd, hawwe sombys mar foar in diel de kontrôle oer har lichem, wat in knoffelige, haperjende manear fan fuortbeweging opsmyt. Oan 'e oare kant fiele se gjin pine en komme se by in somby-apokalyps foar yn sokke grutte oantallen dat der suver gjin begjinnensein oan is om harren te befjochtsjen.

It subsjenre fan 'e somby-apokalyps fûn syn oarsprong yn 'e Amerikaanske horrorfilm Night of the Living Dead, fan regisseur George A. Romero. Dyselde liet him foar syn film ynspirearje troch de roman I Am Legend fan Richard Matheson út 1954. It kannibalistyske elemint, wêrby't de swaarmjende somby it foarsjoen hawwe op it fleis of, spesifiker, de harsens fan sûne minsken, waard lykwols troch Romero sels yntrodusearre. Foarbylden fan wurken oer in somby-apokalyps yn 'e resintere popkultuer binne films as de Resident Evil-searje (fan 2002 ôf), I Am Legend (2007), Planet Terror (2007), Zombieland (2009) en it ferfolch dêrop, Zombieland: Double Tap (2019), en World War Z (2013), en tillefyzjesearjes as The Walking Dead (2010–2022) en The Last of Us. It subsjenre is ek bekend út in protte fideospultsjes, lykas Dead Nation, Dead Rising, The Last of Us en The Walking Dead.

De somby-apokalyps wurdt troch de makkers fan wurken fan fiksje út dit subsjenre wol brûkt as in metafoar foar ferskate gefallen fan brede maatskiplike eangst, lykas foar in wrâldwide, ûntsjinkearbere ynfeksjesykte (benammen yn it ramt fan 'e koroanapandemy), it ynstoarten fan in maatskippij en de ein fan 'e wrâld. Der wurdt geregeldwei nei dit subsjenre ferwiisd yn 'e mainstream-media en it hat teffens oanlieding jûn ta ferskate fandomaktiviteiten, lykas in sombyrin, wêrby't de dielnimmers ferklaaid en opmakke as sombys yn in grutte kloft mei houterige bewegings in beskate rûte ôflizze. De somby-apokalyps is sadwaande hjoed de dei ien fan 'e dominante horrorsjenres wurden.

Kategory:Somby Kategory:Apokalyptyske fiksje Kategory:Horrorsjenre Kategory:Science fiction-sjenre