De Basilika fan Superga (Italjaansk: Basilica di Superga) is in katolike basilyk op 'e top fan 'e heuvel Superga yn 'e Italjaanske stêd Turyn yn Itaalje.

Skiednis De skiednis fan 'e basilyk giet werom oant 2 septimber 1706, doe't hartoch Victor Amadeus II fan Savoye en prins Eugenius fan Savoye, prins fan Carignano, de heuvel beklommen om it troch Frânsk-Spaanske troepen belegere Turyn te oersjen. Victor Amadeus knibbele dêr foar in âld byld fan 'e Faam Marije en die in ûnthjit dat er in tsjerke ta eare fan Us Leaffrou bouwe litte soe as er de oerwinning behelle. thumb|left|Ynterieur. Op 7 septimber fûnen de beslissende gefjochten plak by Jaya en Madonna di Campagna. De Piëmonteeske troepen fersloegen de Frânsen en makken sa in ein oan it belis fan Turyn. Nei syn kroaning as kening fan Sisylje joech Victor Amadeus II de arsjitekt Filippo Juvarra opdracht om syn ûnthjit út te fieren en in basilyk op 'e heuvel Superga te ûntwerpen.

De basilyk waard fan 1717 oant 1731 boud. Juvarra kombinearre yn syn ûntwerp eleminten út eardere boustilen mei de barok. De tsjerke wurdt beskôge as in wichtich foarbyld fan it letbarokke klassisisme. De grutte koepel waard yn 1726 foltôge en docht tinken oan 'e koepel fan 'e Sint-Pitersbasilyk yn Rome. Juvarra hie earder tsien jier yn Rome studearre en wurke.

De foargevel fan 'e basilika stekt fier nei foarren en ferwiist nei de foarm fan it Pantheon yn Rome. De ûngewoan grutte ôfmjittingen fan 'e foargevel hâlde ferbân mei de lokaasje fan 'e tsjerke op 'e top fan 'e heuvel. De basilyk waard dêr boppedat boud as in sichtber symboal fan 'e macht fan it Hûs Savoye. Fan 'e heuvel ôf wie ek in sichtline nei it al besteande kastiel fan Rivoli. Mei it Jachtpaleis Stupinigi waard letter de trijehoek tusken trije wichtige residinsjes fan it Hûs Savoye foltôge.

De basilyk makket diel út fan it UNESCO-wrâlderfgoed Residinsjes fan it Keninklik Hûs Savoye.

Keninklike krypt thumb|left|Krypt. Under de basilyk leit de keninklike krypt, it tradisjonele begraafplak fan it Hûs Savoye. Hjir binne in soad leden fan 'e dynasty begroeven, wêrûnder ferskate hartoggen fan Savoye en keningen fan Sardynje en Itaalje. Ek Karel Albert fan Sardynje leit hjir begroeven.

Net alle leden fan it Hûs Savoye binne yn Superga begroeven. De earste kening fan it feriene Itaalje, Victor Emanuel II, en syn soan Umberto I binne begroeven yn it Pantheon yn Rome. De eardere generaasjes fan it Hûs Savoye en Umberto II, de lêste kening fan Itaalje, binne begroeven yn 'e Abdij fan Hautecombe yn Savoye.

Loftfeartkatastrofe fan Superga Op 4 maaie 1949 waard de efterste stypjende muorre fan 'e basilika it plak fan 'e loftfeartkatastrofe fan Superga. In fleantúch mei it fuotbalteam Grande Torino oan board stoarte dêr del. Alle ynsittenden kamen om it libben. De ramp makke in ein oan ien fan 'e meast súksesfolle fuotbalteams fan Itaalje.

Kategory:Turyn Kategory:Basilyk yn Itaalje Kategory:Bouwurk út 1731 Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Itaalje Kategory:Wrâlderfgoed yn Itaalje