It Australysk dûkerke (Tachybaptus novaehollandiae) is in lytse wetterfûgel dy't algemien foarkomt op swietwettermarren en yn rivieren yn Austraalje, Nij-Seelân en op tichtby lizzende eilannen yn 'e Stille Oseaan. Mei in lingte fan 25 oant 27 sintimeter is it ien fan 'e lytste soarten fan 'e famylje fan 'e dûkers (Podicipedidae).

Beskriuwing Beide skaaien binne yn it briedkleed boppe donkerbrún, mei in glânzjend swarte kop en hals en in opfallende kastanjebrune streek oan it antlit, dy't fan efter it each oant de basis fan 'e hals rint. It each is giel, mei dêrûnder in opfallend giel plak tusken it each en de snaffel.

Bûten de briedtiid is it Australysk dûkerke oer it generaal doffer fan kleur. De kastanjebrune streek ûntbrekt, it plak op it antlit is witer en de kiel en foarkant binne griiswyt. Wat it uterlik oanbelanget liket it Australysk dûkerke bûten de briedtiid op it griiskopdûkerke (Poliocephalus poliocephalus), dat yn itselde ferspriedingsgebiet foarkomt.

Ofbylden

Fersprieding en taksonomy It Australysk dûkerke wurdt yn seis ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Tachybaptus novaehollandiae javanicus, (Mayr, 1943) – Java Tachybaptus novaehollandiae fumosus, (Mayr, 1943) – de Talaudeilannen en Sangihe-eilannen Tachybaptus novaehollandiae incola, (Mayr, 1943) – noardlik Nij-Guineä Tachybaptus novaehollandiae novaehollandiae, (Stephens, 1826) – súdlik Nij-Guineä, Austraalje, Tasmaanje en Nij-Seelân Tachybaptus novaehollandiae leucosternos, (Mayr, 1931) – Fanûatû en Nij-Kaledoanje Tachybaptus novaehollandiae rennellianus, (Mayr, 1943) – Rennell (ien fan 'e Salomonseilannen)

Ekology It Australysk dûkerke is in treflik swimmer en dûker. De fûgels binne gjin sterke fleaners en fleane allinnich nachts langere ôfstannen, nei alle gedachten om rôfdieren te mijen. As der genôch iten is, ferlitte se har fêste leefgebiet meastentiids net. By fersteuring dûke se ûnder en komme 10 oant 15 meter fierderop wer boppe, ynstee fan fuort te fleanen. thumb|left|Fûgel op it nêst. Beide âlden bringe de jongen grut. It mantsje ferlit it nêstgebiet lykwols nei in pear moanne, as de jongen sa'n trijefearn fan it folwoeksen formaat hawwe. Yn it begjin liftsje de jongen op 'e rêch fan 'e âlden mei tusken de wat omheech steande wjukken.

As de jongen likernôch tsien wiken âld binne begjinne se te dûken om sels iten te sykjen. De wyfkes kinne dan fuortgean, mar it is bekend se rillegau dêrnei weromkomme, nei alle gedachten om te kontrolearjen hoe't it mei de jongen giet.

De âlden binne tige beskermjend. Se besykje oare wetterfûgels, lykas einen en reagers, fuort te jeien troch dy konfrontearjend yn 'e mjitte te swimmen en wyld mei de wjukken te slaan. Soms brûke se harren wjukken ek om wetter nei ynkringers te spatten.

Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern). De populaasjetrend is lykwols net dúdlik.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkerke Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje