Coenders (ek: Coenders van Helpen) is de namme fan in famylje fan lânadel en haadlingen út de provinsje Grinslân, dy't boargemasters fan Grins en legeroffisieren fuortbrocht hat en yn 1846 útstoar.
De famylje Coenders wurdt foar it earst neamd oan 'e ein fan 'e 13e iuw. De stamrige dy't bewiisd wurde kin begjint mei Coert Coenders, dy't yn 'e earste helte fan 'e 15e iuw yn Dokkum wenne. Syn soan Hendrick (ferstoarn foar 1511) krige in boarch yn de buorskip Helpman by Grins yn besit; dit hûs soe generaasjes lang yn 'e hannen fan syn neikommelingen bliuwe. De tafoeging "Van Helpen" oan 'e famyljenamme is fan dat hûs ôflaat.
Yn lettere iuwen ferspraten famyljeleden har oer de Ommelannen, dêr't se wennen as lokale haadlingen en lânadel yn de foar de regio karakteristike fersterke bûtenpleatsen (de boargen). Ferskate famyljeleden spilen in wichtige rol op regionaal nivo yn de tiid fan de Reformaasje. It laach stoar út mei Geertruida Everhard Leonora Josina Alida Coenders van Helpen (1759–1846), de widdo fan dûmny Jacobus Meesters (1759–1785) en letter fan Christiaan Seest (1759–foar 1846) — de direkteur fan de Amsterdamske kanonnejitterij dy't yn augustus 1814 út Amsterdam wei gie sûnder syn saken ôf te hanneljen.
Telgen Rudolf Coenders Berend Coenders van Helpen Wilhelmus Coenders van Helpen
Kategory:Grinslânsk laach Kategory:Nederlânsk aadlik laach