Zombieland: Double Tap is in Amerikaanske post-apokalyptyske horrorkomeedzje út 2019 ûnder rezjy fan Ruben Fleischer en mei yn 'e haadrollen Jesse Eisenberg, Woody Harrelson en Emma Stone. De titel betsjut (yn 'e kontekst fan dizze film) "Sombylân: Twa Kear Sjitte". De film is it langferwachte ferfolch op Zombieland út 2009. It ferhaal folget fjouwer oerlibbenen fan in somby-apokalyps, dy't har yn it Wite Hûs yn Washington, D.C. nei wenjen sette en letter op reis geane nei Graceland yn Memphis. Zombieland: Double Tap krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Plot Tsien jier nei de útbraak fan in firus dat minsken yn kannibalistyske sombys feroaret (sjoch: Zombieland) binne de fjouwer freonen Columbus, Tallahassee, Wichita en Little Rock ynlutsen yn it leechsteande en troch klimmerblêd en ûnkrûd oerwoekere Wite Hûs yn Washington, D.C. Little Rock, dy't in famke fan tolve wie doe't de útbraak plakfûn, is no in jonge frou fan twaentweintich dy't har ôffreget oft se ea immen fine sil om in relaasje mei te krijen. Se wol derop úttsjen om in partner te sykjen, mar dêr leit Tallahassee, dy't in soartemint pleechheit foar har wurden is, it near op, om't er har noch altyd as lyts famke sjocht. Underwilens binne Columbus en Wichita al tsien jier byinoar. Columbus fynt it heech tiid foar de folgjende stap yn harren relaasje, dat hy docht Wichita op knoffelige wize in houliksoansiik. Dat wurdt troch har yrritearre ôfslein, mei't minsken dy't trouwe yn har ûnderfining streekrjocht op in skieding oan geane.
De oare moarns binne Wichita en Little Rock poater, en se hawwe The Beast, de pânsere limûsine fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten (dêr't Tallahassee jierrenlang mei omnifele hat om der ferbetterings oan ta te foegjen) meistellen. Tallahassee en Columbus fine in farwolbryfke dat de froulju efterlitten hawwe, wêryn't útlein wurdt dat se op 'e siik gien binne nei in freontsje foar Little Rock. De teneur fan it boadskip is dat se net fan doel binne en kom werom. Columbus rekket wei yn in depresje dy't oanhâldt oant Tallahassee him wol smoare kin. In moanne nei de ôfreis fan 'e froulju moetsje de mannen yn in winkelsintrum Madison, in dom blondsje dat de somby-apokalyps oerlibbe hat troch har te ferbergjen yn 'e friessel fan in restaurant. Columbus nûget har tsjin 'e útdruklike wil fan Tallahassee út om mei te kommen nei it Wite Hûs, in oanbod dêr't sy grif op yngiet. Dyselde deis nimt Madison it inisjatyf om seks mei Columbus te hawwen.
Letter wurde sawol Columbus as Tallahassee opskrille troch lûden yn 'e garaazje. Wannear't se op ûndersyk útgeane, docht bliken dat Wichita werom is, nei't se sels seit inkeld om wapens en munysje yn te slaan. Se fertelt dat Little Rock yndie in jonge fûn hat mei wa't se in relaasje krigen hat, de pasifistyske muzikant Berkeley. Tegearre hawwe se The Beast stellen en binne se ôfset nei Graceland, de filla fan Elvis Presley yn Memphis (Tennessee). Foar Wichita hawwe se inkeld in bryfke ta farwol efterlitten. Dat lêste fynt Tallahassee wol hearlik iroanysk, mar hy en Columbus sizze daliks har help ta oan Wichita om Little Rock op te spoaren. Wannear't Wichita it bestean fan Madison ûntdekt en foar it ferstân kriget hokfoar relaasje sy mei Columbus hat, is se dêr net bêst oer te sprekken. Columbus hie ek leaver hân dat Wichita in dei earder weromkommen wie, mar hy fynt wol dat him neat te ferwiten falt, om't Wichita dejinge is dy't by him weigien is. Al mei al soarget it net foar in ûntspande reissfear.
Underweis wurdt Tallahassee in camper ter grutte fan in touringcar gewaar. Wylst de groep besiket en wikselje har bestelwein om foar de camper, wurde se oanfallen troch in kloft sombys. Yn it gefjocht rêdt Madison it libben fan Wichita wannear't har mitrailleur fêstrint. Mar Madison sels wurdt op it ankel klaud troch ien fan 'e sombys. Nei alle gedoch om him te bemachtigjen wurdt it likegoed neat mei de camper om't Tallahasse de bannen fan it grutte ding fuort lekriidt op in spikermatte. Werom yn 'e bestelwein rekket Madison siik. De oaren binne derfan oertsjûge dat se it sombyfirus oprûn hat. Columbus wurdt oantrune om har út har lijen te ferlossen, dat hy nimt har en syn gewear mei de bosk yn, mar út it sicht fan 'e oaren sjit er twaris boppe har holle om har op 'e flecht te jeien, mei't er it hert net hat om har dea te sjitten.
Wannear't Columbus, Tallahassee en Wichita letter yn Memphis arrivearje, blykt Graceland inkeld noch in ruïne te wêzen, ta argewaasje fan Tallahassee, dy't in grutte Elvis-fan is. Mar deunby fine se in motel mei in Elvis-tema, dêr't in protte fan 'e museumstikken út Graceland bewarre wurde. Wichtiger is dat de trijekaart dêr ek The Beast oantreft. It motel wurdt rund troch de oantreklike Nevada, mei wa't Tallahassee frijwol daliks in klik hat. Sy fertelt dat Little Rock en Berkeley yndie yn har motel oernachte hawwe, mar dat se de oare moarns in oare auto nommen hawwe om har reis te ferfetsjen, mei't The Beast neffens Berkeley "te boargerlik" wêze soe. It reisdoel fan it duo is de hippykommune Babylon. Columbus, Tallahassee en Wichita beslute yn it motel te oernachtsjen en de oare deis nei Babylon te reizgjen yn The Beast. Tallahassee bringt de nacht troch mei Nevada.
De oare moarns wurdt The Beast, ta wanhoop fan Tallahassee, oan grôt riden troch in monstertruck dy't it eigendom is fan Albuquerque en Flagstaff, in pear mannen dy't bekenden binne fan Nevada. Albuquerque, dy't min ofte mear in dûbelgonger is fan Tallahassee, is in eardere frijer fan Nevada, en de beide mannen krije it frijwol fuortendaliks mei-inoar oan 'e stôk. Flagstaff liket as twa drippen wetter op Columbus, mar Wichita liket de iennichste te wêzen dy't de oerienkomsten tusken de beide duo's gewaarwurdt. Wannear't in groepke sombys it motel oanfalt, geane Albuquerque en Flagstaff derút om mei harren ôf te weven. Dêrby meitsje se dúdlik dat se gjin ferlet hawwe fan help fan 'e oaren. As se neitiid wer yn it motel komme, docht lykwols bliken dat se yn it gefjocht allebeide biten binne troch sombys. De mannen begjinne dêrtroch sels ek yn sombys te feroarjen en moatte (mei in protte muoite) deade wurde troch Columbus en Tallahassee.
Wannear't Columbus, Tallahassee en Wichita út it motel ôfsette, besiket Tallahassee de montertruck te bestjoeren, mar hy riidt oeral tsjinoan en it is dúdlik dat er dêr de feardichheid foar mist. Dat, it trio giet mar wer fierder yn 'e bestelwein. Underweis komme se ûnferwachts Madison wer tsjin, dy't dochs net it sombyfirus oprûn hie, mar lêst hie fan in slimme allergy foar nuten nei't se studintehjouwer iten hie. Se jout har wer by de groep en fjouweresom arrivearje se yn Babylon. Dêr hearsket in strang anty-wapenbelied, dat se moatte al har wapens opjaan om deryn te meien. (De wapens wurde fuortendaliks omsmolten ta anty-oarlochssymboalen.) Se fine Little Rock en Berkeley, dy't it, sa't it liket, geweldich mei-inoar fine kinne en gjin help nedich binne. No't er wit dat Little Rock feilich is, beslút Tallahassee der op eigen manneboet op út te tsjen, mar nachts komt er in grutte kliber sombys tsjin dy't oanlutsen wurde troch it fjoerwurk dat ôfstutsen wurdt yn 'e kommune. Tallahassee swaait de auto en keart halje-trawalje werom nei Babylon om 'e hippys te warskôgjen foar wat op kommendeweis is.
Mei't de kommune net oer fjoerwapens beskikt, moat der in oare ferdigeningsmetoade betocht wurde. Under lieding fan Tallahassee wurdt de ringmuorre fan kommune op ien plak iepene. Wannear't de sombys dêr binnenkomme, litte Tallahassee, Columbus, Wichita en Little Rock in tank mei biodisel ûntploffe, werby't in protte sombys omkomme. Mar de kliber is sa grut, dat se mar in lyts diel út 'e ljochten holpen hawwe. It fjouwertal wurdt ynsletten, mar Nevada komt harren yn 'e monstertruck fan Albuquerque te help en ferpletteret hûnderten sombys ûnder de reuseftige tsjillen, oant de monstertruck kantelet. Tallahassee, Nevada en de oaren flechtsje nei it hege flatgebou dat it sintrum fan 'e kommune foarmet. Wylst de oaren har yn feilichheid bringe, lokket Tallahassee de sombys hielendal nei it dak ta, dêr't alle hippys de sombys mei twa rigen stekken yn in rjochte line fan it treppehûs nei de daksrâne liede. Wannear't Tallahassee fan it dak springt en de heak fan in boukraan grypt om oan hingjen te bliuwen, springe de sombys him efternei en falle te pletter yn 'e djipte.
Neitiid fermoedsoenje Columbus en Wichita har mei-inoar, en antwurdet sy, mei in fertraging fan oardel moanne, "Ja" op syn houliksoansiik. Little Rock blykt ûnderwilens har nocht te hawwen fan Berkeley, dy't in poseur is. Sy ferbrekt har relaasje mei him en hy begjint fuortendaliks in nije relaasje mei Madison. Tallahassee, Nevada, Columbus, Wichita en Little Rock sette mei-inoar ôf út Babylon.
Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, fertelt Columbus yn in voice-over dat it him noch altyd bot spyt dat er yn 2009 by fersin akteur en komyk Bill Murray deasketten hat (sjoch: Zombieland). By wize fan goedmakkerke nimt er de sjoggers mei nei de dei fan 'e firusútbraak, doe't Bill Murray by in promoasjebarren foar syn (fiktive) nije film Garfield 3 ynterviewd wurdt troch de bekende Amerikaanske ferslachjouwers Al Roker, Lili Estefan, Josh Alex Horowitz en Grace Randolph. Midden ûnder it fraachpetear mei Al Roker feroaret dyselde yn in somby, wêrnei't Murray him deaslacht mei in klapstuoltsje. Murray beslút dat it sa wol ta kin mei de ynterviews en freget oft syn auto foarriden wurde kin. Underweis nei de útgong moat er noch ferskate sombys, ûnder wa Randolph en Estefan, fan himsels en oaren ôfslaan.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Columbus Jesse Eisenberg Tallahassee Woody Harrelson Wichita Emma Stone
byrollen personaazje akteur/aktrise Little Rock Abigail Breslin Madison Zoey Deutch Nevada (Reno) Rosario Dawson Berkeley Avan Jogia Albuquerque Luke Wilson Flagstaff Thomas Middleditch himsels Bill Murray himsels Al Roker harsels Lili Estefan himsels Josh Alex Horowitz harsels Grace Randolph
Produksje en distribúsje Produksje Nei it súkses fan Zombieland yn 2009 woene betinkers en senaristen Rhett Reese en Paul Wernick der graach mei troch. Earst waard ynset op in tillefyzjesearje mei in oare cast yn deselde rollen, wêrfoar't yn 2013, nei in eardere falske start, in pilotôflevering makke waard troch de Amazon Studios. Dat rôp lykwols sa'n floedweach oan lulkens op by fans fan 'e oarspronklike film, dat Amazon yn april fan dat jier besleat ôf te sjen fan it projekt. Neitiid krigen oare projekten foarrang, mar úteinlik waard in ferfolchfilm begjin 2019 yn produksje nommen.
Zombieland: Double Tap waard, krekt as de oarspronklike film, regissearre troch Ruben Fleischer nei in senario Reese, Wernick en David Callaham. As produsint wie Gavin Polone by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, 2.0 Entertainment, Pariah en Reese/Wernick Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $42 miljoen (neffens Variety) oant $48 miljoen (neffens Deadline Hollywood). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Chung-hoon Chung, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Sardy.
Opnamen De opnamen foar Zombieland: Double Tap setten op 19 jannewaris 2019 útein en duorren oant en mei 15 maart fan dat jier. It grutste part fan 'e film waard opnommen yn 'e Pinewood Atlanta Studios (sûnt 2020 de Trilith Studios) yn Fayetteville (Georgia) by Atlanta. It flatgebou dat brûkt waard foar de Babylon-kommune stiet yn Atlanta, deunby it Tom Moreland Interchange (yn 'e folksmûle bekend as it "spagettykrúspunt", fanwegen alle krúsende en ôfbûgende wegen). It gebou wie oarspronklik in hotel, mar stie op it stuit fan 'e opnamen al in skoft leech.
Distribúsje