De swartbúktrappen (Lissotis) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). It skaai bestiet út twa soarten dy't har ferspriedingsgebiet yn Afrika besuden de Sahara hawwe: de Hartlaubtrap (Lissotis hartlaubii) en de swartbúktrap (Lissotis melanogaster).

De fûgels fan it skaai hawwe in foarkar foar iepen gerslannen, savannes en iepen bosk- en strûklân. Lykas de measte trappen binne de swartbúktrappen foar it grutste part oan 'e grûn bûn. Se hawwe in stevich lichem, in opfallend lange en slanke hals en relatyf lange poaten. Mantsjes fan dit skaai binne fral bekend om harren swarte ûnderkant en it opfallende baltsgedrag. Harren iten bestiet benammen út ynsekten, lytse wringeleazen en plantaardich materiaal.

Taksonomy De soarten út dit skaai waarden histoarysk faak yndield ûnder it gruttere skaai Eupodotis. Troch modern genetysk en fylogenetysk ûndersyk is lykwols dúdlik woarn dat de Hartlaubtrap en de swartbúktrap in apart skaai fertsjinje om't se sawol genetysk as morfologysk (û.o. de spesifike tekeningen op kop en hals, de wjukken en it mantsjekleed) dúdlik ôfwikke fan 'e oare skaaien. Dêrom wurdt Lissotis troch autoriteiten lykas it Handbook of the Birds of the World erkend as in folslein apart skaai.

De typesoarte fan it skaai is de swartbúktrap, dy't yn 1835 troch de Dútske dierkundige Eduard Rüppell beskreaun waard as Otis melanogaster. Yn 1848 waard de soarte troch Heinrich Gottlieb Ludwig Reichenbach yn it troch him beskreaune skaai Lissotis pleatst. George Robert Gray wiisde yn 1855 de swartbúktrap oan as typesoarte fan it skaai.Avian systematics.

Soarten 120px swartbúktrap Lissotis melanogaster Afrika besuden de Sahara 200pxLissotis melanogaster op BirdLife 120px hartlaubtrap Lissotis hartlaubii East-Afrika (û.o. Kenia, Etioopje) 200pxLissotis hartlaubii op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:Trapfûgel