Ibsan wie de njoggende rjochter fan Israel. Hy kaam út Betlehim. Hy folge Jefta op en joech sân jier lang lieding oan it folk.
Lykas by syn foargongers Tola en Jaïr, wurde der oer Ibsan gjin grutte militêre konflikten beskreaun. Syn amt liket fral yn it teken stien te hawwen fan it fersterkjen fan bannen tusken de ferskate stammen en mooglik ek mei de buorfolken. De Bibel beskriuwt syn ynfloed oan 'e hân fan syn grutte húshâlding. Hy hie tritich soannen en tritich dochters.
Al syn tritich dochters houlikte Ibsan út oan manlju bûten de eigen stamme. En foar syn tritich soannen helle er tritich froulju fan bûten syn stamme. Dy sechstich houliken wiene yn dy tiid in krêftich polityk middel om frede te bewarjen en bûnen te smeien.
Betlehim Der wurdt troch guon Bibelwittenskippers oannommen dat it Betlehim dêr't Ibsan wei kaam, net it bekende Betlehim yn Juda wie (it berteplak fan David en Jezus), mar Betlehim yn Sebulon, in plak yn it noarden fan Israel. Dat komt om't de rjochters yn dit diel fan it boek Rjochters benammen út de noardlike en eastlike stammen kamen.
Dea en opfolging Ibsan stoar nei sân jier rjochter west te hawwen en waard begroeven yn Betlehim. Hy waard opfolge troch Elon, dy't ek út de stamme fan Sebulon kaam.
Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 11e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 11e iuw f.Kr.