Bosknachtreagers (Gorsachius) foarmje in fûgelskaai fan twa soarten út de famylje reagerfûgels (Ardeidae).

Beide soarten binne relatyf lytse, knobske reagers mei in koarte, tsjokke snaffel en koarte poaten. Se hawwe foar it grutste part brune oant kastanjebrune kleuren mei in opfallende donkere streek dy't fan 'e kiel oer de midden fan it boarst rint. Beide soarten hawwe in faak swarte kroan en in túf, dy't opset wurde kin.

It binne tige skrutene fûgels dy't benammen by it skimerjen of nachts aktyf binne. Se wurde dêrom selden sjoen. De fûgels yn it skaaie briede solitêr en net yn koloanjes yn tichte bosken.

Taksonomy De nachtreagers yn it skaai waarden eartiids yn it skaai Nycticorax set, mar hjoed-de-dei beskôgje alle wichtige autoriteiten se as in aparte skaai.

Genetysk ûndersyk hat okkerdeis laat ta oanpassingen yn it skaai. Twa soarten dy't foarhinne ta it skaai rekkene waarden, binne ferhûze nei elts in eigen monotypysk skaai: de wytearnachtreager stiet no yn it skaai Oroanassa en de wytrêchnachtreager stiet no yn it skaai Calherodius.

Soarten

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px Japanske nachtreager Gorsachius goisagi Japan, Sina, Filipinen kwetsber25pxGorsachius goisagi op BirdLife International 120px Yndyske nachtreager Gorsachius melanolophus Súdeast-Aazje net bedrige/ûnbekendGorsachius melanolophus op BirdLife International

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:Reagerfûgel