De Sineeske sompereager (Ardeola bacchus) is in lytse reager út de famylje fan 'e reagers (Ardeidae), dy't yn East-Aazje foarkomt. De soarte falt benammen op troch it grutte ferskil tusken it winter- en it briedkleed.

Beskriuwing thumb|left|Winterkleed. Yn it winterkleed is de Sineeske sompereager fral griisbrún fan kleur. De kop en de nekke binne ljochtbrún oant bêzje mei donkere, fertikale streken. De rêch is effen oliifbrún. De snaffel is gielich mei in donkere boppekant, wylst de poaten giel binne. De wjukken binne opfallend suverwyt, wat ek yn flecht in wichtich skaaimerk is.

Yn it briedkleed feroaret it uterlik fan 'e fûgel sterk. De kop en de nekke wurde djip wynread oant kastanjebrún en krije langere sierfearren op 'e efterkop. De rêch feroaret fan brún nei in donker, glânzjend blau-swartich uterlik en ûntwikkelet lange fearren dy't oer de sturt hingje. It boarst kriget lange, donkerreade fearren, wylst it ûnderboarst griisich bliuwt. De snaffel is dan giel mei in blauwe basis en in swarte punt. De poaten kinne yn it hichtepunt fan 'e briedtiid fel rôzeread wurde. De wjukken feroarje net mei it seizoen en bliuwe wyt.

Juvenilen lykje sterk op folwoeksen fûgels yn it winterkleed. Se binne oer it algemien brún mei tichte, donkere streken oer kop, nekke en boarst. Ek by har binne de wjukken wyt, al kinne de úteinen fan 'e fearren noch lytse brune puntsjes of in brunige gloed sjen litte.

Yn it winterkleed en as juvenyl is de soarte hast net te ûnderskieden fan 'e Javaanske sompereager (Ardeola speciosa).

Fersprieding De Sineeske sompereager briedt benammen yn East- en Súd-Sina, it Russyske Fiere Easten, Koreä, Japan en Taiwan. Ek yn dielen fan Noard-Birma en Noardeast-Yndia (Assam) komme briedpopulaasjes foar.

In grut part fan de noardlike populaasjes is trekfûgel. Dy fûgels ferlitte tusken septimber en april de briedgebieten om te oerwinterjen yn Súdeast-Aazje, ûnder mear op it Maleisyske Skiereilân, yn Tailân, Fjetnam, op Borneo, Sumatra en yn 'e Filipinen. Yn waarmere regio’s, lykas dielen fan Súd-Sina en Yndia, binne populaasjes faak stânfûgel of allinnich lokaal migrearjend.

Hâlden en dragen thumb|left|Yn 'e flecht binne de wite wjukken fan 'e fûgel goed te sjen. De Sineeske sompereager is net tier wat syn iten oanbelanget. It dieet bestiet út fisk, amfibyën lykas kikkerts en podden, skaaldieren, ynsekten, imerkes, krobben, wjirms en slakken. Ut en troch wurde ek lytse fûgels fongen. De fûgel jaget meast troch ûnferweechlik stil te stean of stadich troch ûndjip wetter te rinnen en dan hookstrooks mei de snaffel ta te slaan.

De soarte briedt faak yn lytse koloanjes, gauris tegearre mei oare reagersoarten lykas de feereager (Bubulcus ibis) of de lytse wite reager (Egretta garzetta). It nêst is ienfâldich en wurdt meastal heech yn beammen of yn tichte strewellen by wetter boud. Der wurde ornaris 3 oant 6 ljochtblau-griene aaien lein. Beide âlden briedzje en fersoargje de piken. Nei in briedtiid fan likernôch 18 oant 22 dagen komme de aaien út; nei sa’n 4 oant 5 wiken fleane de jongen út.

Status De Sineeske sompereager stiet op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt as stabyl beskôge en de soarte is lokaal algemien. Wol kinne habitatferlies, fersmoarging, it brûken fan pestisiden en feroarings yn lângebrûk op guon plakken in negative ynfloed hawwe.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sompereager Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam