De Madagaskarsompereager (Ardeola idae) is in bedrige, lytse reager út de famylje fan 'e reagers (Ardeidae).
Ferskining thumb|left|Winterkleed. De Madagaskarsompereager is in lytse, stevige reager fan sa'n 45 oant 45 sintimeter, dy't in grut ferskil sjen lit tusken it briedkleed en it winterkleed. Yn 'e briedtiid (oktober oant maart) wurdt it hiele fearrekleed sniewyt mei lange fearren op 'e kop, hals en it boarst. De snaffel is dan fel blau mei in swarte punt en de poaten wurde rôzeread. De eagen binne giel en de hûd om 'e eagen hinne is blau oant grien.
Bûten de briedtiid is de fûgel minder opfallend en liket er op 'e gewoane sompereager (Ardeola ralloides). De kop, hals en rêch binne brún mei donkere en ljochte streken, mar de búk, de sturt en it efterliif bliuwe wyt. De snaffel is dan griengriis mei in swarte punt. De wjukken binne dan lykas yn it briedkleed ek wyt.
Jonge fûgels ha in soad fan folwoeksen fûgels bûten it briedseizoen, mar hawwe faak wat mear brún yn de wjukkanten en in snaffel dy't mear nei it oranje giet.
Fersprieding Madagaskarsompereagers briede yn it noarden en westen fan Madagaskar en op in beheind oantal eilannen yn 'e Yndyske Oseaan. De fûgel komt op 'e Seysjellen op it atol Aldabra foar en yn 'e Komoaren op it eilân Majot. Yn 'e Frânske Súdlike Gebieten libbet de fûgel op it eilân Europa. Bûten it briedseizoen lûkt in grut part fan 'e populaasje nei it fêstelân fan East-Afrika (Kenia, Tanzania, Mozambyk, Súd-Afrika).
It habitat bestiet út ûndjippe swietwettermarkes, sompen, rysfjilden en oan stadich streamende rivieren mei in soad begroeiïng.
Hâlden en dragen Bûten de briedtiid is de fûgel meastentiids allinnich. Hy foerazjearret troch deastil te stean of hiel stadich yn ûndjip wetter of oer driuwende planten te trêdzjen. De fûgel is in opportunistyske jager dy't fan alles yt lykas fiskjes, ynsekten, slakken, lytse slangen, hagedissen en gekko's.
De fûgel briedt yn koloanjes tegearre mei oare reagers lykas feereagers. It is in skrutene fûgel dy't tige gefoelich is foar fersteuring.
Status De fûgel stiet as bedrige (Endangered) op 'e Reade list fan 'e IUCN. De populaasje is lyts en bestiet út heechút 2.500 folwoeksen fûgels. De oantallen rinne al 50 jier jimmeroan tebek en yn guon briedgebieten op Madagaskar is de populaasje yn 'e lêste desennia mei mear as 40-50% sakke. Sompen en oare wiete gebieten wurde drûchlein foar lânbou, benammen foar de oanlis fan rysfjilden. Om tefoarren te kommen dat de fûgel útstjert, is der in spesjaal ynternasjonaal aksjeplan en in Nasjonale Strategy foar Madagaskar (2023-2032) opsteld mei as doel in bettere beskerming fan briedgebieten, lykas op it atol Aldabra en it eilân Majot. Yn Dútslân en de Feriene Steaten is in reservepopulaasje yn finzenskip foar it gefal dat de fûgel yn it wyld folslein ferdwynt.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sompereager Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Reünion Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe