Lieuwe fan Jelgersma (Easterwierrum, mooglik, om 1538 hinne - Grins, jannewaris 1581) wie in Fryske bestjoerder.
Biografy thumb|left|175px|De Broertsjerke yn Grins dêr't Fan Jelgersma beïerdige waard Van Jelgersma wie in soan fan Hette fan Jelgersma en Tjets fan Tjepnia. Dizze Hette hie besit yn ûnder oaren Easterwierrum, Reduzum, Friens, Blessum, Leons en Jorwert. Hellinga, O. & Noomen, P.N. (2011). Genealogia Ayttana. De genealogie van de Aytta's uit een handschrift in het Collegium Viglianum. Genealogysk Jierboek 2011, sd.127-307. Hette komt yn 1511 en 1543 foar te Easterwierrum.
Op 13 juny 1549 waard Fan Jelgersma oansteld as grytman fan Achtkarspelen. Yn 1557 en 1575 trede Fan Jelgersma twa kear koart op as provisjoneel grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Andreae, A.J. (1893). Nalezing op de Nieuwe naamlijst van grietmannen van jhr. mr. H. Baerdt van Sminia. Ljouwert: Meijer en Schaafsma. Yn'e tiid fan syn grytmanskip wie syn soan Hette (Hector) fan Jelgersma sekretaris en substitút-grytman. Lieuwe van Jelgersma kaam yn 1550 tegearre mei Lieuwe fan Harckema foar as Volmacht ten Landsdage út namme fan Achtkarspelen. Yn 1552 waard Fan Jelgersma yn Stynsgea neamd, hy wie doe bewapene mei in harnas, ringkoller, speets en degen. Mol, J.A. (2017). De Friese volkslegers tussen 1480 en 1560. Hilversum: Uitgeverij Verloren. Yn 1555 lei Van Jelgersma de eed fan trou oan Filips II ôf. Hy bleau spaansgesind en ferbleau dêrom sûnt 1574 yn ballingskip. Hy skynt opfolge te wêzen troch syn soan Hette al wie dy ek yn ballingskip. Lykas in soad oare Friezen dy't Spanje oanhongen waard ek Fan Jelgersma yn 1580 fersocht him yn Ljouwert te ferantwurdzjen foar syn gesindheid. .Baerdt van Sminia, H.B. (1837). Nieuwe naamlijst van grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, met geschiedkundige aanteekeningen. Ljouwert: H.C. Schetsberg. Hy joech dêr gjin gehoar oan en waard yn 1580 mei syn soan Hette út de gritenij ferballe. Bergsma, W. (1999). Tussen Gideonsbende en publieke kerk: een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650. Hilfersum: Uitgeverij Verloren.
Van Jelgersma ferstoar yn 1581 yn Grins en al op 31 jannewaris 1581 wie der praat fan erfgenamten. Hy waard beïerdige yn de Broertsjerke te Grins.
Houlik en bern Fan Jelgersma troude mei Rints fan Jensma, dochter fan Focke fan Jensma. Nei har ferstjerren skynt er op'e nij troud te wêzen mei Jees Harmensdr. dy't yn 1581 yn Ljouwert as syn widdo foarkomt. Mei syn earste frou hie Van Jelgersma ûnder mear de folgjende bern: Rienck fan Jelgersma, troude mei Anna Siccama, waans famylje de Siccamastate te Stynsgea bewenne. Rienck wie yn 1583 ien fan fâlden oer syn minderjierrige bruorren en susters. Ymck fan Jelgersma, boaske mei Wigle fan Hania, nei syn dea troude hja fannijs mei Hemme Clama, grytman fan Fisfliet. Bauck fan Jelgersma, troude mei Haye fan Gayckema. Hellinga, O. (2010). Friese Meinsma har erf- en rjochtsopfolgers: Herbranda en Meynsma. Genealogysk Jierboek 2010, s.263-351. Hette (Hector) fan Jelgersma (1591), studearre oan de Universiteit fan Leuven. Hy folge syn heit op as grytman fan Achtkarspelen. Zijlstra, S. (1996). Het geleerde Friesland - een mythe? Universiteit en maatschappij in Friesland en Stad en Lande ca. 1380-1650. Ljouwert: Fryske Akademy. Hy wie adelboarst ûnder hopman Jarich fan Liauckema. Jouck van Jelgerma, troude mei Evert Cornelis van Voort. De famylje Van Voort wie belutsen by de eksploitaasje fan de feanen fan it kleaster Jeruzalim te Gerkeskleaster. Visscher, W. (2015). Verveningen en verveners in Friesland. Dokkum: Wijdemeer. Tieth fan Jelgersma, troude mei Frederik Matthijs van Voort, broer fan Evert Cornelis.
Sjoch ek List fan grytmannen fan Achtkarspelen List fan grytmannen fan Kollumerlân en Nijkrúslân
Kategory:Grytman fan Achtkarspelen Kategory:Grytman fan Kollumerlân Kategory:Persoan berne yn Easterwierrum Kategory:Persoan berne yn 1538 Kategory:Persoan stoarn yn 1581