De Mantsjoerijske woffer (Botaurus eurhythmus, synonym: Ixobrychus eurhythmus) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e reagerfûgels.
Ferskining De Mantsjoerijske woffer is in lytse reager fan sa'n 33 oant 39 sm lang. Yn it briedkleed hat it mantsje in opfallende kastanjebrune rêch en nekke, wylst it wyfke mear donkerbrún oant rustbrún is mei minder kleurkontrast. Beide seksen ha in ljochtere búk. Yn it winterkleed wurde de kleuren wat doffer en minder kontrastryk; de kastanjebrune toanen by it mantsje kinne minder sterk útkomme.
De snaffel is giel oant gielgrien en de poaten binne ek giel. Jongfûgels hawwe in bûnt brunich fearrekleed, dat de fûgels yn it reid in goede kamûflaazje biedt. Der is ek bûten it briedkleed seksuëel dimorfisme: it mantsje is faak wat sterker kleure as it wyfke.
Fersprieding De Mantsjoerijske woffer briedt yn it easten fan Sina, it súdeasten fan Sibearje, it noarden fan Koreä en yn Japan. De oerwinteringsgebieten lizze yn it suden fan Sina en yn Tailân, Maleizje, Yndoneezje en op 'e Filipinen. Se komme fral foar yn 'e reidseames en tusken begroeiïng fan wiete gebieten.
Hâlden en dragen thumb|left|Nêst. De fûgel is ier yn 'e moarn en by skimerjûn aktyf. Hy foerazjearret op lytse fisken, kikkerts, kreeften en ynsekten. It nêst wurdt yn it tichte reid op, of tichte by de grûn boud. De trije oant seis aaien wurde yn 16 oant 18 dagen útbret.
Status Yn it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte ferdwine reid- en wiete gebieten jimmeroan faker om romte te meitsjen foar lânbou en stêdebou. De fûgel is yn guon regio's noch wol te finen, mar net yn grutte oantallen. Se binne net algemien en de fûgel wurdt troch de IUCN as gefoelich (NT) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam