Sompereagers (Ardeola) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae) út it skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes).

Sompereagers binne frij lytse reagerfûgels, meastentiids tusken de 40 en 50 sm lang.

Winterdeis ha alle soarten (útsein de readbúkreager) skutkleuren. Mei harren brune, sânkleurige of griisige kleuren mei donkere streken op 'e nekke en it boarst falle se skraachwurk op tusken it reid. Yn 'e briedtiid wurde de kleuren folle helderder en djipper en de Madagaskarsompereager] wurdt dan sels hielendal sniewyt.

Lykas de namme seit binne it fûgels dy't yn sompen libje. Se jeie op fisken, kikkerts en ynsekten.

Soarten It skaai telt 6 soarten. Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 140px brune reager of sompereager Ardeola ralloides Súd- en East-Europa, it Midden-Easten, dielen fan Noard-Afrika. Europeeske populaasje oerwinteret yn Subsaharaansk Afrika. net bedrige<ref>[https://datazone.birdlife.org/search?search=Ardeola%20ralloides Ardeola ralloides op BirdLife International]</ref> |- | 140px || Javaanske sompereager || Ardeola speciosa|| Súdeast-Aazje (benammen Yndoneezje (Java, Baly, Selebes), de Filipinen, dielen fan Tailân en Kambodja). || net bedrigeArdeola speciosa op BirdLife International]</ref> |- | 140px || Madagaskarsompereager || Ardeola idae|| briedt op Madagaskar, oerwinteret yn East-Afrika. || bedrige<ref>[https://datazone.birdlife.org/search?search=Ardeola%20idae Ardeola idae op BirdLife International |- | 140px || readbúkreager || Ardeola rufiventris|| East- en súdlik Afrika (benammen Sambia, Botswana, Namybje en Simbabwe). || net bedrigeArdeola rufiventris op BirdLife International]</ref> |- | 140px || rysreager || Ardeola grayii || Grutte dielen fan Súd-Aazje (Yndia, Pakistan, Sry Lanka, Bangladesj oant it Midden-Easten). || net bedrige<ref>[https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/indian-pond-heron-ardeola-grayii Ardeola grayii op BirdLife International |- | 140px || Sineeske sompereager || Ardeola bacchus'' Briedt yn Sina, Noard-Fjetnam dielen fan Yndia, oerwinteret yn Súdeast-Aazje. net bedrigeArdeola bacchus op ''BirdLife International

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:Reagerfûgel