De Súdamerikaanske reiddomp (Botaurus sturmii, synonym: Ixobrychus sturmii) is in fûgel út 'e famylje fan 'e reagerfûgels dy't yn Afrika besuden de Sahara libbet.

Beskriuwing De Afrikaanske woffer is in tige lytse reiddomp mei in lingte fan likernôch 27 oant 30 sintimeter. De fûgel heart ta de famylje fan 'e reagers, mar is folle kompakter en hat koarte, rûne wjukken. It fearrekleed fan 'e boppekant is leadgriis en sûnder dúdlike tekening. De ûnderkant is gielbêzje mei rûge swarte streken. De snaffel is giel mei in donkere râne lâns de boppekant. De poaten binne ljochtgiel en de lange teannen hawwe in oranje kleur.

Dy teannen stekke yn 'e flecht dúdlik efter de sturt út, itjinge goed te sjen is as de fûgel fleant. De lange teannen helpe him om stabiliteit te hâlden by it lânjen en by it rinnen oer de sêfte, sompige grûn.

Fersprieding De soarte komt foar yn Subsaharaansk Afrika en libbet benammen yn wetterrike gebieten lykas sompen, iggen fan rivieren, mangroves en op rysfjilden. Hy jaget benammen nachts op ynsekten en kikkerts, mar ek op lytse fisk, krabben, spinnen en slakken. By bewolke waar kin er ek oerdei aktyf wêze.

Hâlden en dragen thumb|left|Foerazjearjende Afrikaanske woffer yn Botswana. Foar it brieden makket de fûgel in nêst fan twigen en planten, faak in heale oant fjouwer meter boppe it wetter yn in beam of strûk. Der wurdt in lyts tal aaien lein, dy't troch beide âlden bebret wurde.

Yn it súdlik part fan Afrika is de fûgel allinnich in briedfûgel yn 'e reintiid foar fan novimber oant april. As it drûge seizoen begjint yn maart en april migrearret dy populaasje nei noardeliker gebieten.

Status De populaasje fan 'e fûgel bestiet neffens in rûzing fan Wetlands International út 2023 út 16.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels. Om't it ferspriedingsgebiet grut is, wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige (LC) klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddomp Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy