David Vlietstra (Frjentsjer, 27 juny 1978) is in Nederlânske berneboekeskriuwer en ûnderwizer.
Libben en wurk Vlietstra groeide op yn Frjentsjer en ferhuze op syn achttjinde nei Grins om dêr sosjale psychology oan de Ryksuniversiteit Grins te studearjen. Dêrnei die er de pedagogyske akademy. Vlietstra is ûnderwizer op in basisskoalle yn Paterswolde.
Yn 2010 skreau er De brandweerman & de parkeermeter, in ynformatyf boek oer sosjale psychology, ornearre foar tsieners.
Sûnt 2015 skriuwt er boeken foar jongere bern, dy't útjûn wurde troch Clavis. Hy debutearre mei twa boeken tagelyk: Meester Bakkebaard en Willy Boem. Mei dy lêste titel wie er yn 2016 finalist fan de Hotze de Roospriis. [ 1 ] De lijst van Violet Sopjes (2024), dat ferskynde by Gottmer, waard nominearre foar de Woutertje Pieterse Priis en wûn in Sulveren Griffel.
Yllustratoaren dy't oan syn boeken meiwurken binne ûnder oare Juliette de Wit, Yoko Heiligers, Chris Vosters en Renske de Kinkelder.
Vlietstra's boeken binne oerset yn ûnder oaren it Arabysk, Sineesk, Deensk, Dútsk, Ingelsk, Koreaansk en Perzysk.
Bibliografy 2024 - De lijst van Violet Sopjes (Gottmer) 2024 - Leren lezen met Mol en Vos (Clavis) 2022 - Zo voel ik mij vandaag! (Clavis) 2021 - Leren lezen met Muis en Mol (Clavis) 2020 - Hier komen de baby's vandaan! (Clavis) 2019 - Timmies tornado (Clavis) 2019 - Leren lezen met Kip en Muis en Mol (Clavis) 2018 - Meester Bakkebaard op glad ijs (Clavis) 2018 - Willy Boem en de Duistere Cowboy (Clavis) 2017 - Leren lezen met Kip en Muis (Clavis) 2017 - Bennie de Mindboy (Clavis) 2016 - Hocus pocus pinguïn (Clavis) 2015 - Willy Boem (Clavis) 2015 - Meester Bakkebaard (Clavis) 2010 - De brandweerman en de parkeermeter (Houtekiet)
Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1978