De wytearnachtreager (Oroanassa magnifica, synonym: Oroanassa magnifica) is in seldsume fûgelsoarte út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). De fûgel komt foar yn Súdeast-Aazje.
Ferskining It mantsje fan 'e 54 oant 56 sintimeter lange wytearnachtreager hat in swartige kop en in swarte túf yn 'e nekke, in wite streek efter it each, in wite kiel en in wyt wangplakje. Oan 'e sydkant fan 'e nekke is ek in wite streek te sjen. De ûnderkant is brún mei wyteftige streken of skobbe en rustbrún op 'e rêch fan 'e nekke. De rêch is donker sûnder tekening. De bleate hûd tusken de snaffel en it each is giel, de kleur fan 'e snaffel is donker oant swartbrún en bleker, griengiel oant gielgrien oan 'e basis. De poaten binne grienich oant gielgrien. It each is brún oant readbrún. thumb|left|Juvenyl. It wyfke hat in minder dúdlike tekening op 'e kop en nekke. Har rêch hat witige streken en plaken, fral op 'e wjukdekfearren en se hat in koartere túf. Juvenilen ha in soad fan it wyfke, mar binne bruner en bûnter óp 'e boppekant.
Fersprieding De fûgel komt tige lokaal foar yn it suden en easten fan Sina en it noarden fan Fjetnam. De soarte wurdt tradisjoneel yn Gorsachius set, mar DNA-ûndersyk wiist út dat dizze reager, lykas ek syn besibbe soarte de wytrêchnachtreager, mear besibbe is oan 'e fûgels yn it skaai Egretta as oan oare soarten yn it skaai. Dêrom wurdt de fûgels jimmeroan faker yn aparte skaaien ûnderbrocht, respektivelik Oroanassa en Calherodius, om't se relatyf âlde evolúsjonêre linen fertsjintwurdigje.
Hâlden en dragen De fûgel libbet yn subtropysk en tropysk bosk by streamende beken, fivers en rysfjilden. Syn iten bestiet út fisk, garnalen en wringeleazen. De fûgel is allinnich nachts aktyf en oars as in soad oare reagers briedt er net yn koloanjes mar solitêr. In nêst bestiet út trije oant fjouwer aaien.
Status De lêste tiid is der wat mear bekend oer de fûgel woarn en hjoed-de-dei wurdt tocht dat se in grut ferspriedingsgebiet ha yn Súdeast-Sina mei in beheind gebiet yn 'e buorlannen. It soe bêst kinne dat de fûgel yn in noch grutter gebiet libbet, dochs binne se seldsum en wurdt der oannommen dat de populaasje relatyf lyts is mei in rûzing fan 1500 oant 15000 folwoeksen fûgels. Ek wurdt tocht dat de populaasje ôfnimt om't it habitat fan 'e soarte ek ôfnimt. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as gefoelich (NT) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytearnachtreager Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam