De stellergaai of Stellers gaai (Cyanocitta stelleri) is in Amerikaanske fûgel yn 'e famylje kriefûgels (Corvidae) mei in ferspriedingsgebiet fan Alaska oant Nikaragûa. De Stellergaai komt yn nulle- en mingde bosken foar en is in bekende ferskining yn parken yn it westen fan Noard-Amearika.
Ferskining De Stellergaai is in 22 oant 30 sintimeter lange blauswarte kriefûgel mei in spanwiidte fan 34 oant 43 sintimeter en in opfallende túf. Wat de foarm oanbelanget liket er sterk op syn neiste sibbe, de blauwe gaai (Cyanocitta cristata), mar it fearrekleed is folle donkerder, mei in folslein swarte kop en boppeliif, donkerblauwe wjukken en sturt sûnder wite markearringen en in blau oant ljochtblau ûnderliif mei in dúdlik kleurferfal nei ûnderen ta. thumb|Fûgel yn Washington. Ynlânske populaasjes binne oer it generaal ljochter fan kleur as kustpopulaasjes. It ferskil sit benammen yn de hoemannichte swart oan kop, hals en boarst en yn de oanwêzigens fan ljochte eachstreken by guon populaasjes.
By de Stellergaai binne hast gjin sichtbere ferskillen tusken mantsjes en wyfkes. Mantsjes binne trochstrings wat grutter en swierder, mar dit ferskil is yn it fjild min waar te nimmen.
Fersprieding en systematyk De Stellergaai is ferdield yn fjouwer groepen fan 16 ûndersoarten mei de folgjende ferdieling:
stelleri groep: Cyanocitta stelleri stelleri - fan súdlik Alaska en de kust fan Britsk-Kolumbia oant noardwestlik Oregon Cyanocitta stelleri carlottae - Keninginne Sjarlotte-eilannen (Britsk-Kolumbia) Cyanocitta stelleri frontalis - fan Sintraal-Oregon oant súdlik Kalifornje, migrearjend nei it noardlikste fan it Kalifornysk Skiereilân. Cyanocitta stelleri carbonacea – kust fan it westlike diel fan Sintraal-Kalifornje Cyanocitta stelleri annectens - it binnenlân fan Britsk-Kolumbia oant noardeastlik Oregon en noardwestlik Wyoming diademata-groep Cyanocitta stelleri macrolopha - Rocky Mountains (Nevada en Utah oant noardlik Sonora) Cyanocitta stelleri diademata - noardwestlik Meksiko Cyanocitta stelleri philippsi - sintraal Meksiko (San Luis Potosí, Guanajuato en Hidalgo) coronata-groep Cyanocitta stelleri coronata - heechlannen fan Sintraal-Meksiko (San Luis Potosí oant noardlik Puebla) Cyanocitta stelleri purpurea - súdwestlik Meksiko (heechlannen fan westlik en sintraal Michoacán) Cyanocitta stelleri azteca - bercheftige regio's fan Sintraal-Meksiko (Meksiko, Morelos, Puebla en west-sintraal Veracruz) Cyanocitta stelleri teotepecencis - bercheftige regio's fan súdlik Meksiko (sintraal en súdlik Guerrero) Cyanocitta stelleri restricta - súdlik Meksiko (heechlannen fan Oaxaca) Cyanocitta stelleri ridgwayi - heechlannen fan súdlik Meksiko (Chiapas) nei Gûatemala en El Salvador Cyanocitta stelleri lazula - heechlannen fan El Salvador Cyanocitta stelleri suavis - heechlannen fan West-Hondoeras oant sintraal Nikaragûa
De ûndersoarten teotepecencis, ridgwayi en lazula wurde faak opnommen yn Coronata. Guon Meksikaanske populaasjes (bygelyks út de diademata-groep) wurde troch guon ûndersikers as aparte soarten beskôge. DNA-ûndersyk kin mooglik liede ta in takomstige opsplitsing.
+ ôfbylden fan ûndersoarten (kar-út) 250x250px 250x250px 250x250px Cyanocitta stelleri stelleri Cyanocitta stelleri annectens Cyanocitta stelleri Mariposa 250x250px 250x250px 250x250px Cyanocitta stelleri carbonacea Cyanocitta stelleri coronata Cyanocitta stelleri macrolopha
Hâlden en dragen Stellergaaien foerazjearje yn lytse groepkes nei sied, fruit en ynsekten. Ek is de fûgel in rôver fan aaien fan oare fûgels. As siediter soarget er foar fersprieding fan sied fan benammen nullebeammen.
It bouwen fan in nêst begjint yn maart en it lizzen fan aaien fynt benammen plak fan april oant juny.
De Stellergaai is in yntelliginte fûgel en kin rôffûgellûden neidwaan om oare fûgels ôf te skrikken. Ek kin de fûgel iten ferside stopje. Der bestiet tusken fûgels yn groepen leargedrach. In lechsel bestiet meastentiids út trije oant seis ljochte aaien mei spikkels. De briedtiid duorret likernôch 16 oant 18 dagen en beide âlden fuorje de piken.
Noardlike populaasjes kinne súdliker oerwinterje en populaasjes yn 'e bergen migrearje nei legere dielen. Yn it wyld wurde de fûgels 10 oant 15 jier.
Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de oantallen fûgels ôfnimme, mar net sa bot dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List.
Namme De wittenskiplike soartenamme is in earbetoan oan Georg Wilhelm Steller (berne Stöhler, 1709-1746), in Dútske natuerûndersiker en ûntdekkingsreizger dy't mei die oan 'e ekspedysje fan Vitus Bering nei Russysk-Amearika.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blauwe gaai Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa