Blaufinkjes (Uraeginthus) foarmje in fûgelskaai fan trije soarten yn 'e famylje prachtfinken (Estrildidae). De fûgeltsjes libje fan oarsprong op 'e drûge savannes en iepen boskgebieten fan Afrika en .

Se wurde likernôch 12 oant 13 sintimeter lang. Alle soarten hawwe ljochtblauwe fearkes op it boarst, de side en de sturt, mei ljochtbrune oant brúngrize boppedielen. Se hawwe in relatyf lange, smelle sturt dy't faak spits útrint. By alle soarten binne de mantsjes feller fan kleur as de poppen. Dêrnjonken ha wyfkes minder blau.

Unyk foar de fûgeltsjes is de baltsdûns fan 'e mantsjes. Se hâlde in stikje gers yn 'e snaffel en meitsje ritmyske hipkes op 'e tûke. Se kinne sa fluch mei harren poatsjes op 'e tûke tikke, dat in in soarte fan tapdûns is.

De fûgels bouwe rûne tichte nêsten mei yn' e sydkant de yngong, faak opfallend tichteby nêsten fan ealjebijen, dy't de fûgeltsjes helpe om rôfdieren op te kearen.

Alhoewol't se fral sied fan gers ite, mei se ek graach ynsekten, lykas termiten.

De fûgeltsjes binne populêr yn 'e avikultuer.

Soarten: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px Angoleesk blaufinkje Uraeginthus angolensis Kongo oant Tanzania yn it easten, súdlik oant noardlik Súd-Afrika) net bedrigestabylUraeginthus angolensis op BirdLife International 120px blaukopfinkje Uraeginthus cyanocephalus East-Afrika (Etioopje, Somaalje, Súd-Sûdan, Kenia en Tanzania) net bedrigestabylUraeginthus cyanocephalus op BirdLife International 120px readwangblaufink Uraeginthus bengalus Subsaharaansk Afrika (Senegal oant Etioopje, Oeganda, Kenia, Tanzania, Angoala, súdlik Kongo-Kinsjasa en noardlik Sambia) net bedrigestabylUraeginthus bengalus op BirdLife International

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:Prachtfink