thumb|Frouwe Justitia (1610), Dokkum Jacob Lous, ek Jacobus Laurentius (? - Harns, 1617) wie mitseler, stienbyldhouwer, boumaster en kaarttekener yn de noardlike Nederlannen.

Biografy thumb|left|150px|Kaart fan Harns, tekene troch Jacob Lous en gravearre troch Robert de Baudous Jacob Lous wie in soan fan Lou Ripperts, hurdstienhouwer en stedsmitseler yn Harns. De famylje wie katolyk en nei alle gedachten ôfkomstich út Dútslân: ferskate neikommelingen fan Lou Ripperts, ûnder wa bern fan Jacob Lous, fierden de namme Forssenburg (letter Vossenberg). W. Dolk (1959) "Van Fürsten - tot.Vossenberg : De Harlinger steenhouwer Jacob Lous Forssenburg en zijn familie", Jierboekje fan it Genealogysk Wurkforbân ('Genealogysk Jierboekje'), 1959, s. 51-73. Ljouwert: Fryske Akademy. Argivearre op 27 oktober 2022. Lous wie as boumaster sa goed as wis ferantwurdlik foar de bou fan it stedhûs fan Harns en de Harnzer stedspoarten: Tsjerkepoarte (1597), Frjentsjerterpoarte (1608), Suderpoarte, Bildtpoarte en de Frjentsjerter piip (wetterpoarte). Peter Karstkarel (2013) "Burgertrots in steen : Stedelijke bouwglorie", Historisch tijdschrift Fryslân, septimber 2013 (Gouden Eeuw-nummer), s. 44-46. Argivearre op 27 oktober 2022. De poarten waarden yn de 19e iuw sloopt. Om 1610 hinne makke er op fersyk fan it Harnzer stedsbestjoer in plattegrûn yn fûgelflechtperspektyf van de havenstêd."Bijzondere kaart van Harlingen uit 1610", Tresoar, 25 juny 2021. Lous ferboude de 16e-iuwske Mockema-Blauhússtins yn Dokkum ta stedhûs (1607-1610). It stedhûs is dêrnei ferboud en útwreide, wat rest fan syn wurk is it byld fan Frouwe Justitia (1610) op it fronton.Ronald Stenvert et al. (2000) Monumenten in Nederland. Fryslân.] Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders Uitgevers. [https://web.archive.org/web/20221027130010/https://www.dbnl.org/tekst/sten009monu06_01/sten009monu06_01.pdf Argivearre op 27 oktober 2022.

Lous wurke yn de styl fan it Flaamsk maniërisme. Der binne ferskate troch him ryk fersierde grêfstiennen bewarre bleaun, dy't er makke foar de Fryske hegerein. "Gesigneerde grafstenen - Friesland, 16e en 17e eeuw i.h.b. Leeuwarder zerkhouwers"Fotokolleksje Karstkarel, Tresoar. Argivearre op 27 oktober 2022. Foarbylden dêrfan binne de twa sarken foar de famylje Van Heemstra yn de Sint-Laurentiustsjerke yn Kimswert, wêrby't er foar de stien fan Taecke fan Heemstra en syn frou Jeltsje fan Bonga tolve famyljewapens hakke en op de oare yn de ûnderste helte in paleistún mei pyldergalery yn perspektyf ôfbylde, mooglik mei sicht op de eardere Heemstra State. Reinder Politiek (2018) "Harlinger kunstwerken in de Sint Laurentiuskerk van Kimswerd", Harlinger courant, 23 febrewaris 2018. Argivearre op 27 oktober 2022.

Jacob Lous ferstoar yn 1617 en waard beïerdige yn de Grutte Tsjerke fan Harns. Neist de preekstoel leit in grêfstien mei in byldhouwurk dat oan him taskreaun wurdt; it ferbyldet in man mei in jakobsstêf, it mjitynstrumint fan boumasters. It is net wis oft er wier op dit plak begroeven leit. Jeanine Otten (2020) "De boedelinventaris van het sterfhuis van wijlen Jacob Lous, stads mr metselaar, steenhouwer, bouwmeester, kaarttekenaar te Harlingen , 6 november-16 november 1617", Vergetenharlingers.nl, 5 july 2020. Argivearre op 27 oktober 2022.

Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk kartograaf Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1617