De Kapel fan 'e Fisitaasje yn 'e Frânske stêd Paray-le-Monial is in religieus gebou dat by it kleaster fan 'e Fisitandinnen heart. De kapel waard om 1633 hinne boud en oan 'e ein fan 'e 19e iuw restaurearre.

Skiednis en beskriuwing thumb|left|Skryn fan Sint-Margareta. Yn 'e kapel ferskynde Jezus oan 'e hillige Margareta-Marije Alacoque om har syn foar de minsken "fan leafde baarnende Hert" te toanen. It grutste part fan 'e ferskiningen fan Kristus oan Margareta-Marje fûn plak tusken 1673 en 1675.

It fresko dat tusken 1966 en 1973 makke waard, stelt de twadde ferskining fan Jezus foar, dêr't Jezus de wûnen fan syn lijen sjen lit. Op it fresko binne ferskate hilligen ôfbylde, dy't allegear apostels fan it Hert fan Jezus west hawwe. Te werkennen binne: de apostel Jehannes, Fransiskus fan Assisi, Charles de Foucauld, Claude de la Colombière, Jehannes Eudes, de Jongfaam Marije, Paulus fan Tarsus, Fransiskus fan Sales, pater Matéo, Jehanne Fransiska fan Chantal en Margareta-Marije Alacoque. thumb|left|Ynterieur. Yn in kapel oan 'e rjochterkant fan it koer wurde de reliken fan Margareta-Marije Alacoque bewarre. Hja waard yn 1920 hillich ferklearre troch paus Benediktus XV.

De Doar fan 'e Barmhertigens Lykas ferskate oare religieuze plakken hat de Kapel fan 'e Fisitaasje in Doar fan 'e Barmhertigens. Dy Doar fan 'e Barmhertigens hat deselde betsjutting as oare doarren dy't tusken 8 desimber 2015 oant 20 novimber 2016 oer de hiele wrâld oanwiisd binne. Se slute oan by de saneamde Hillige Doar yn Rome en op oare wichtige plakken. Dy doarren wiene in bysûnder symboal yn it Jubeljier fan 'e Barmhertigens, dat troch paus Fransiskus útroppen waard en stiene symboal foar in nij begjin, ferjouwing en omtinken foar inoar.

Kategory:Paray-le-Monial Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út de 17e iuw Kategory:Beafeartstsjerke