De wytkapnon (Lonchura ferruginosa) is in sjongfûgel út 'e famylje prachtvinken (Estrildidae).

Beskriuwing De wytkopnon is in fûgeltsje mei in wite kop, swarte slabbe, sulverblauwe snaffel en in djip kastanjebrún bealchje.

Fersprieding De fûgel komt foar op Java en Baly. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten. Hy wurdt somtiden ek as in ûndersoarte fan 'e trijekleurnon behannele.

Hâlden en dragen De fûgel libbet op rysfjilden en greiden, faak yn grutte keppels.

Status De populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de fûgel dêrom net bedrige (LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Nontsje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje