De Japanske sidesturt (ek Japanske pestfûgel of Japanske lakfûgel; Bombycilla japonica) is in moskeftige fûgel út 'e famylje fan 'e sidesturten (Bombycillidae).

Ferskining thumb|left|Japanske sidesturt yn Japan. De fûgel wurdt likernôch 18 sintimeter lang en is in lyts bytsje lytser as de gewoane sidesturt. It fearrekleed is foar it grutste part rôzebrún oant griisbrún mei in side-eftige glâns. De fûgel hat in hege, puntige túf, in swarte kiel en in swart masker mei in smel wyt rantsje ûnder it each.

De Japanske sidesturt liket in soad op 'e gewoane sidesturt, mar hat net in giele mar in reade einbân op 'e sturt. Ek hat er in readbrune streek oer de wjukken dy't de gewoane fûgel net hat en hy mist giel op 'e wjukken. It swarte masker om de eagen rint by de Japanske sidesturt fierder troch nei efteren oant ûnder de túf. De ûndersturtdekfearren binne donkerread oant kastanjebrún.

Fersprieding Hy briedt allinnich yn it Russyske Fiere Easten (ûnder oare yn it Amoergebiet, Chabarovsk en it suden fan Jakûtsje) en mooglik hiel inkeld yn it noardeasten fan Sina. De foarkar giet út nei dichte nullebosken en taigabosken, faak oan rivieren. Winterdeis lûkt de fûgel nei it suden. De wichtichste gebieten om te oerwinterjen binne Japan, Koreä en it easten fan Sina. Somtiden wurde se ek sjoen op Taiwan of yn it fierste suden fan Sina. Lykas ús pestfûgel is de Japanske soarte in ynvaazjefûgel. Dat betsjut dat se it iene jier massaal yn in bepaald gebiet wêze kinne en it oare jier hielendal net, ôfhinklik fan wêr't genôch beien te finen binne.

De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin erkende ûndersoarten binne.

Hâlden en dragen Bûten de briedtiid binne dizze fûgels tige sosjaal. Se libje dan yn grutte groepen, faak yn mingde groepen mei de gewoane sidesturt. Winterdeis ha se gjin fêst ferbliuw en as de beien op binne geane se nei in oar plak. Typysk gedrach foar de sidesturt is it jaan fan kadootsjes oan inoar. In mantsje en wyfke sitte dan byinoar en jouwe mei de snaffel in bei, in stikje blom of in ynsekt oan inoar troch. Dat kin wol tsien kear hinne en wer gean foardat ien fan 'e twa it opfret.

Se briede meastentiids fan ein maaie oant july en dat dogge se om't der by it útkommen fan 'e aaien dan in soad beien en ynsekten binne. It nêst is komfoarmich en wurdt boud fan tûkjes en moas, faak tusken 3 oant 10 m boppe de grûn. Der wurde 3 oant 5 lochtblauwe aaien mei donkere spikkels lein, dy't yn 14 oant 16 dagen útbret wurde. It brieden wurdt fral troch it wyfke dien, wylst it mantsje har fuorret. De jongen fleane nei sa'n 16 dagen út.

Status De status fan 'e Japanske pestfûgel op 'e Reade List fan 'e IUCN is hast bedrige (Near Threatened). De fûgel briedt yn in relatyf lyts gebiet yn it Russyske Fiere Easten en Noardeast-Sina. Troch houtkap foar de yndustry ferdwine de tichte nullebosken dy't se nedich hawwe om te brieden. Ek wurde se op grutte skaal fongen yn harren oerwinteringsgebieten (lykas Sina) foar de yllegale hannel. In oare bedriging is it tapassen fan lânbougif.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pestfûgel Kategory:Sidesturt Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan