De Sûnda-earrebarre (Ciconia stormi) is de seldsumste earrebarresoarte op 'e wrâld. Hy komt allinnich foar yn 'e tichte reinwâlden fan Súdeast-Aazje.

Ferskining It grutste part fan it lichem en de wjukken binne glânzjend swart. De nekke is foar it grutste part wyt, mar de hals is faak wat donkerder of griis-eftich befearre. De búk en de ûnderkant fan 'e sturt binne wyt. De kop is benammen swart, mar it meast opfallende is de fel oranje-giele keale hûd om de eagen hinne. De snaffel is read en mei sa'n 75 oant 91 sm is de fûgel wat lytser as syn sibben.

Fersprieding De fûgel komt mar yn in beheind gebiet fan Súdeast-Aazje foar. Hy komt sawol foar yn it Maleizyske diel (Sarawak en Sabah) as yn it Yndonezyske diel (Borneo). Op Sumatra libbet noch in lytse, fragmintearre populaasje yn 'e leechlânsompen yn it easten fan it eilân. Op it Maleizysk Skiereilân is de fûgel ekstreem seldsum. De fûgels wurde dêr op noch mar in pear plakken út en troch sjoen, lykas yn it Nasjonaal Park Taman Negara dêr't noch in tige lytse populaasje is. Oarspronklik libbe de fûgel ek op Java, mar dêr is er útstoarn.

De Sûnda-earrebarre is in echte boskfûgel en libbet yn tichte reinwâlden by rivieren en bosken dy't ûnder wetter steane. It is in skrutene fûgel dy't minsken út 'e wei giet.

Hâlden en dragen thumb|left|Sûnda-earrebarre yn San Diego Zoo. De fûgel briedt net yn koloanjes. Se bouwe harren nêsten yn grutte beammen, faak boppe wetter fan in rivier of yn ticht sompich bosk. It wyfke leit meastentiids twa aaien. Beide âlden wikselje it brieden ôf. Piken sitte yn wyt dûns as se út it aai komme en wurde troch beide âlden fuorre mei lytse fiskjes en oare wetterdieren.

De fûgel jaget solitêr en hy is tige gefoelich foar fersteuring.

Status Troch de befolkingsgroei ha minsken mear romte nedich om te wenjen en lânbougrûn om iten te ferbouwen. De oanlis fan oaljepalmplantaazjes yn syn oarspronklike ferspriedingsgebiet yn 'e lêste 30 jier hat de fûgel mear as de helte fan syn habitat koste. Dêrtroch is it ferspriedingsgebiet hjoed-de-dei fragmintearre. In rûzing út 2023 fan it totale oantal fûgels giet út fan in populaasje fan 300 oant 1750 folwoeksen fûgels. De IUCN klassifisearret de soarte as bedrige op 'e Reade list.

De fûgel is ekstreem minskeskou en briedt net suksesfol yn finzenskip. De Zoological Park Organization fan Tailân hat yn it ferline besocht om mei in pear fûgels yn dieretunen te fokken, mar dat hat net laat ta in grutskalich útsetprogramma.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Earrebarre Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân