De Frânske stêd Mâcon leit yn it departemint Saône-et-Loire yn 'e regio Boergonje-Franche-Comté. De stêd leit oan 'e rivier de Saône en is de prefektuer fan it departemint.
Skiednis Mâcon leit oan 'e rivier de Saône en hat in lange skiednis dy't weromgiet oant de Romeinske tiid ta. Yn dy tiid stie de stêd bekend as Matisco, in wichtige delsetting op in strategysk plak tusken Lugdunum (Lyon) en noardlik Galje.
Yn 'e midsiuwen ûntjoech Mâcon him ta de haadstêd fan it greefskip Mâcon en krige it in foaroansteande politike en religieuze funksje. Troch syn lizzing oan 'e rivier, op 'e grins fan it Frânske keninkryk en it Hillige Roomske Ryk, waard de stêd in bloeiend hannelssintrum mei sterke ferbiningen nei Lyon en it noarden. thumb|left|De restanten fan 'e Alde Finsintsiuskatedraal. In kearpunt yn it stedsbyld wie de Frânske Revolúsje. Yn dy tiid waard besletten ta de sloop fan 'e âlde Sint-Finsintsiuskathedraal (Vieux Saint-Vincent). De tsjerke wie yn minne steat, mar de ôfbraak wie ek in symboalyske died tsjin 'e macht fan 'e tsjerke. Hjoed-de-dei steane allinnich de twa karakteristike tuorren en de narteks noch oerein as neitins oan dit grutte bouwurk.
Yn 'e 19e iuw brocht de komst fan it spoar en de fierdere yndustrialisaasje nije groei. De stêd is ek it berteplak fan 'e ferneamde Frânske dichter en steatsman Alphonse de Lamartine (1790–1869), dy't in grutte rol spile yn 'e Frânske polityk fan 1848.
De Twadde Wrâldkriich wie foar Mâcon in spannende tiid. De stêd lei tichteby de demarkaasjeline, de grins tusken beset Frankryk en Vichy-Frankryk. Hjirtroch waard Mâcon in sintrum foar it ferset en in tige wichtich punt foar it oerstekken fan 'e grins. Op 2 septimber 1944 waard de stêd lang om let befrijd troch de Alliearde troepen
It besjen wurdich Pont Saint-Laurent It histoaryske sintrum mei kleurige gevels Musée des Ursulines Église Saint-Pierre
Untwikkeling befolking Jier 1793 1821 1851 1876 1901 1926 1946 1954 1962 1982Ynwenners 12.000 10.411 16.783 17.570 18.928 18.427 21.076 22.393 25.714 38.404Jier 1999 2011 2021Ynwenners 34.469 33.730 34.448
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Boergonje-Franche-Comté Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Boergonje-Franche-Comté