De Abdimearrebarre (Ciconia abdimii) is in Afrikaanske earrebarren (Ciconia) út 'e famylje earrebarren (Ciconia).
Ferskining thumb|left|Fûgels yn Benyn. Mei in lingte fan likernôch 73 sm is de Abdimearrebarre de lytste fan alle earrebarren. De rêch, wjukken en nekke binne glânzjend swart mei in pearse of griene gloed. It boarst en de búk binne folslein wyt. De hûd om 'e eagen hinne is blau en by de snaffel sit faak in reade plak, benammen yn 'e briedtiid. Syn poaten binne griis-eftich mei reade stikken en de snaffel is griis mei in read punt.
Fersprieding Abdimearrebarren binne trekfûgels dy't yn Afrika de reinfal folgje. Se briede yn it noardlike part fan harren ferspriedingsgebiet (fan Senegal oant Etioopje) en lûke nei it briedseizoen nei it suden fan it kontinint.
Hâlden en dragen Yn dielen fan Afrika wurdt de fûgel "sprinkhoanne-earrebarre" neamd om't er swarmen hippers fret, dy't skealik binne foar de rispinge. Op oare plakken wurdt de fûgel reinfûgel neamd, om't er tagelyk mei de earste grutte reinbuien oankomme.San Diego Zoom oproppen 2 maart 2026. Troch it opfretten fan ynsekten en it oankundigjen fan 'e rein wurdt de fûgel sjoen as in symboal fan gelok en wolfeart en op dakken fan hûzen meitsje de minsken platfoarms om it de fûgel sa noflik mooglik te meitsjen by it bouwen fan in nêst. thumb|left|Aai. De fûgels libbet op iepen greidlân, lânbougrûn en yn bosksavanne, faak tichteby wetter, mar ek yn drûgere gebieten. Hy yt ynsekten, mar yt ek lytse sûchdieren, fûgels, reptilen, fisken en ies. Se briede fakentiden mei oare pearkes yn beammen, op kliffen of dakken. In nêst bestiet út ien oant fjouwer aaien dy't er yn 28 oant 29 dagen útbriedt. De jongen fleane nei 50 oant 60 dagen út.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt tocht dat er yn oantal ôfnimt mar noch net sa slim dat de fûgel bedrige wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2025) op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 200.000 en 400.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Earrebarre Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe