Le Creusot is in stêd yn it Frânske departemint Saône-et-Loire yn 'e regio Boergonje-Franche-Comté.

Skiednis thumb|left|It keninklike glêsfabryk. Le Creusot is ien fan 'e wichtichste yndustrystêden fan Boergonje. Oant yn 'e 18e iuw wie it in lyts doarp, mar de oanwêzigens fan stienkoal en izererts yn 'e omkriten soarge foar in rappe ûntwikkeling. Yn 1782 waard in keninklike kristalglêsfabryk stifte yn it gebou dat letter it hjoeddeiske Château de la Verrerie waard. Mei de al rap nei de stifting folgjende Frânske Revolúsje waard it fabryk nasjonalisearre en folge in tiid fan delgong.

Yn 'e 19e iuw naam de yndustriële ûntwikkeling in grutte sprong foarút doe't de Eugène Schneider it bedriuw oernaam. Dy en syn neiteam makken fan Le Creusot in sintrum fan swiere yndustry, benammen yn 'e produksje fan stiel, kanonnen, lokomotiven en masines. It bedriuw Schneider et Cie waard in symboal fan 'e Frânske yndustriële macht yn 'e 19e en begjin 20e iuw.

De stêd groeide hurd en krige in dúdlik arbeiderskarakter. Der waarden arbeiderswenten, skoallen en sosjale foarsjennings boud ûnder ynfloed fan it fan 'e fabrykslieding.

Yn 'e 20e iuw krige Le Creusot te meitsjen mei ekonomyske swierrichheden yn 'e swiere yndustry. Yn 'e jierren 1980 kaam it ta in grutte herstrukturearring. Hjoed-de-dei leit de klam mear op spesjalisearre yndustry, ûnderwiis en toerisme, mei omtinken foar it yndustriële erfgoed.

It besjen wurdich

Yndustrieel erfgoed en âlde fabryksgebouwen lykas Château de la Verrerie, it glêsfabryk fan keninginne Marie-Antoinette. Om it Château leit in grut park fan 28 hektare. It Lyts Teater (Petit Théâtre): In prachtich lyts teater yn Italjaanske styl Le Marteau-Pilon is in ûnbidige steamhammer út 1877. Parc des Combes (attraksjepark) Museum Yndustrieel Erfgoed

Untwikkeling befolking Jier 1793 1821 1851 1876 1901 1926 1946 1954 1962 1982Ynwenners 1.545 1.218 8.083 26.432 30.584 32.419 24.106 28.663 33.737 32.149Jier 1999 2011 2021Ynwenners 26.2833 22.620 20.731

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Boergonje-Franche-Comté Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Boergonje-Franche-Comté