De deim is in hartesoarte dy't tusken de lytse ree en it grutte reahart yn sit. Hoewol't it bist fan oarsprong gjin lânseigen soarte is foar ús kriten, is it bist yn 'e Fryske natuer hjoed-de-dei ek in bekende ferskining.

Ferskining thumb|left|In wite deim. In deim hat in skofthichte fan 85 sm oant 100 sm. De deim falt fuortendaliks op troch syn kleurrike hier. Simmerdeis is dy meastentiids rust- oant oranjebrún mei dúdlike wite stippen op 'e rêch en de flanken. Winterdeis wurdt it hier donkerder en griisbrún, wêrtroch't de stippen hast net mear te sjen binne. In opfallend skaaimerk is it wite plak achter op it achterwurk mei in swarte râne en de frij lange sturt dy't hieltyd beweecht. Deimen steane bekend om it kleurferskil en njonken de bekende stippelfariant binne der ek folslein wite of hiel tsjustere (hast swarte) deimen. Dat komt troch de lange skiednis fan domestikaasje yn parken. It meast bysûndere oan 'e bok it is gewei. Oars as by oare harten binne de einen fan it gewei ferbreed nei in soarte fan hânfoarm.

De measte kealtsjes wurde berne mei kastanjebrún hier mei wite stippen yn rigen oer de rêch en flank. Ek guon kealtsjes kinne der oars útsjen. Sa binne der swarte kealtsjes dy't berne wurde mei in donkere vacht en brúneftige stippen en ljochte kealtsjes mei sânkleurich hier (de lêste kleurfariant wurdt yn it tredde jier wyt) .

Fersprieding en leefgebiet thumb|left|Kealtsje. Fan oarsprong komt de deim út it Middellânske Seegebiet en Lyts-Aazje. Al yn 'e Romeinske tiid, mar fral letter yn 'e midsiuwen, binne se troch de minske oer hiel Europa ferspraat foar de jacht en om se yn parken te hâlden. De deim hâldt fan in ôfwikseljend lânskip. Se fiele har thús yn parkeftige bosken mei in soad ûndergroei, mar se hawwe ek iepen fjilden en greiden nedich om te weidzjen.

De deim yn Fryslân Yn Fryslân binne deimen op ferskate plakken te finen. Ek yn 'e bosken fan 'e Súdeasthoeke (om De Gordyk en Beetstersweach hinne) en yn 'e omkriten fan Oranjewâld wurde se regelmjittich sjoen. Faak is dat neiteam fan bisten dy't ea út hartekampen of parken ûntsnapt binne en har yn it wyld goed rêde kinne.

In relatyf nije ferskining is de keppel by Dokkum. Dêr rint in groep fan sa'n 50 oant 60 deimen dy't harren poerbêst rêde op 'e klaai. De bisten binne faak tige goed te sjen fanôf de Lauwerseewei (N361) en hoewol't it in moai gesicht is, soarget de keppel yn dit lânbougebiet ek foar diskusje oer ferkearsfeiligens.

Ek yn it Lauwersmargebiet op 'e grins fan Fryslân en Grinslân komme deimen foar.

Ekology thumb|left|Keppel deimen. Deimen binne sosjale bisten en libje meastentiids yn keppels. Se binne minder skou as reeën en litte har oerdeis ek geregeld sjen. Se ite gers en krûden, mar ek knoppen fan beammen, blêden, ikels en beukenuten en binne yn leafbosk en mingdbosk te finen en op gerslân en by ikkers.

Yn 'e brûnstiid (oktober/novimber) meitsje de bokken in lûd dat liket op krôkjen. Se grave ûndjippe kûlen mei it gewei om hinen te lokjen en fjochtsje mei harren gewei om 'e macht.

Bysûnderheden en IUCN-status Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de deim de status 'net bedrige' (Least Concern). De wrâldpopulaasje is stabyl en yn in soad Europeeske lannen groeit it oantal deimen sels sa hurd, dat der behear nedich is om skea oan lânbou en natuer foar te kommen.

Kategory:Deim Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Eksoat yn Andorra Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn Dútslân Kategory:Eksoat yn Eastenryk Kategory:Eksoat yn Estlân Kategory:Eksoat yn Finlân Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Fryslân Kategory:Eksoat yn Gibraltar Kategory:Eksoat yn Hongarije Kategory:Eksoat yn Ierlân Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Eksoat yn Letlân Kategory:Eksoat yn Lychtenstein Kategory:Eksoat yn Litouwen Kategory:Eksoat yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Eksoat yn Moldaavje Kategory:Eksoat yn Monako Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Noard-Ierlân Kategory:Eksoat yn Noarwegen Kategory:Eksoat yn de Oekraïne Kategory:Eksoat yn Poalen Kategory:Eksoat yn Portegal Kategory:Eksoat yn Roemeenje Kategory:Eksoat yn Skotlân Kategory:Eksoat yn Slowakije Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn Sweden Kategory:Eksoat yn Switserlân Kategory:Eksoat yn Syprus Kategory:Eksoat yn Tsjechje Kategory:Eksoat yn Wales Kategory:Eksoat yn Wyt-Ruslân Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Argentynje Kategory:Eksoat yn de Falklâneilannen Kategory:Eksoat yn Ekwador Kategory:Eksoat yn Perû Kategory:Eksoat yn Sily Kategory:Eksoat yn Israel Kategory:Eksoat yn Libanon Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Algerije Kategory:Eksoat yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Eksoat yn Kaapverdje Kategory:Eksoat yn de Komoaren Kategory:Eksoat yn Madagaskar Kategory:Eksoat yn Majot Kategory:Eksoat yn Marokko Kategory:Eksoat yn Mauritsius Kategory:Eksoat yn Reünion Kategory:Eksoat yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Eksoat yn de Seysjellen Kategory:Eksoat yn Súd-Afrika