De Afrikaanske marabû (Leptoptilos crumenifer) is in grutte fûgel út 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae). Hoewol’t er nau besibbe is oan 'e Yndyske marabû en de lytse marabû, is dizze soarte folle algemiener en komt er yn grutte dielen fan it Afrikaanske kontinint foar. Fanwegen syn uterlik en it feit dat er faak by kadavers te finen is, wurdt er ek wol de "begraffenisûndernimmer" neamd.

Ferskining left|thumb|Afrikaanske marabû. De Afrikaanske marabû is ien fan 'e grutste fleanende fûgels fan 'e wrâld. Hy hat in hichte fan 120 oant 150 sintimeter en in spanwiidte oant wol 2,6 meter. Krekt lykas syn Aziatyske sibben hat er in massive, kylfoarmige snaffel dy't tige krêftich is. De kop en de nekke binne keal en hawwe in rôze, fleizige kleur. In opfallend skaaimerk is de grutte, rôze kielsek dy't oan 'e foarkant fan 'e hals hinget. Troch de sek op te blazen of krekt oarsom, kin de fûgel syn lichemstemperatuer regulearje. De sek wurdt ek by de balts brûkt om yndruk te meitsen of lûden te fersterkjen. It fearrekleed op 'e rêch en 'e wjukken is laaigriis oant swart, wylst it boarst en de búk folslein wyt binne.

Fersprieding De fûgel komt foar yn Afrika besuden de Sahara, mar is yn grutte dielen fan West-Afrika ferdwûn. Hy libbet yn in breed skala oan habitats, fan drûge savannes en gerslannen oant sompen en de iggen fan 'e grutte marren. Hy skrillet net foar minsken werom en wurdt jimmeroan faker sjoen yn 'e buert fan doarpen, stêden en slachthuzen, dêr't er op strún giet nei fretten.

Ekology De Afrikaanske marabû is in iesiter mar fierder ek in echte opportunist. Hy wurdt faak sjoen yn it selskip fan gieren by de kadavers fan grutte sûchdieren, dêr't er syn sterke snaffel brûkt om stikken fleis los te skuorren. Dêrnjonken fret er ek fisk, ynsekten, lytse sûchdieren en jonge fûgels. Se briede yn koloanjes, faak yn hege beammen en bytiden ek op rotswanden. In lechsel bestiet meastentiids út twa oant trije wite aaien. De aaien hawwe in rûge skaal en wurde troch beide âlders yn likernôch 30 dagen útbret. De piken bliuwe likernôch trije oant fjouwer moannen op it nêst foar't se útfleane.

Status en bedrigingen thumb|left|Fûgels yn Nairobi. Wylst de soarte yn West-Afrika hurd efterút giet en dêr yn grutte dielen sels is útstoarn, nimt de fûgel yn dielen fan East- en Súdlik Afrika (lykas yn Uganda, Kenia en Súd-Afrika) op guon plakken ta. Dat komt benammen meidat de fûgel him dêr as in kultuerfolger oanpast oan 'e minske. Yn stêden lykas Kampala en Nairobi briede se yn beammen midden yn 'e stêd. Bedrigingen foarmje de kap fan hege beammen, fergiftiging en jacht foar de hannel of foar gebrûk yn tradisjonele medisinen.

Oannommen wurdt dat de wrâldpopulaasje yn oantallen ôfnimt. De IUCN klassifisearret de fûgel nettsjinsteande as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Marabû Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe