It skaai marabû's (Leptoptilos) bestiet út tige grutte eibertfûgels. De namme komt fan it Grykske leptos (tin/fyn) en ptilon (fear), itjinge ferwiist nei de sêfte dûnsfearren (marabûfearren) ûnder de sturt.
Hoewol't de trije libbene soarten ferskillen hawwe yn grutte en ferspriedingsgebiet, dielt it skaai in oantal unike skaaimerken. Se hawwe allegear donkere laaigrize oant swarte wjukken en in wite ûnderkant en alletrije in tige grutte, kylfoarmige snaffel dy’t sawol geskikt is foar it ferskuorren fan ies as foar it fangen fan libbene proaien. Se ha ek in keale kop en nekke, oanpast oan it iten fan ies: in keale kop is makliker skjin te hâlden nei it iten út in kadaver.
Oars as oare earrebarren, dy't mei in útstutsen nekke fleane, lûke marabû's harren nekke lykas reagers yn by it fleanen. It binne koloanjebrieders dy't faak yn hege beammen of op rotswanden nestelje.
Soarten fan it skaai marabû's (Leptoptilos) Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px Afrikaanske marabû Leptoptilos crumenifer Afrika besuden de Sahara net bedrige25pxLeptoptilos crumenifer op BirdLife International 120px Yndyske marabû Leptoptilos dubius Yndia en Súdeast-Aazje hast bedrige25pxLeptoptilos dubius op BirdLife International 120px lytse marabû Leptoptilos javanicus Súd-Aazje en Súdeast-Aazje hast bedrigeûnbekendLeptoptilos javanicus op BirdLife International
Utstoarne soarten It skaai Leptoptilos hat in rike skiednis. Troch fossile fynsten is it bekend dat der eartiids mear soarten wiene, dy't faak noch grutter wiene as de hjoeddeiske marabû's:
Leptoptilos robustus: De meast ferneamde útstoarne soarte. Dizze fûgel libbe op it eilân Flores yn it Pleistoseen (sa'n 20.000 oant 50.000 jier lyn). De fûgel wie wol 1,80 meter heech en woech likernôch 16 kilo. Fanwegen syn gewicht koe er mooglik skraachwurk of hielendal net fleane. Hy libbe tagelyk mei de bekende Homo floresiensis. Leptoptilos falconeri: In gigantyske soarte dy’t yn it Plioseen en iere Pleistoseen foarkwam yn dielen fan Afrika en Aazje. Hy wie sa'n 2 meter heech en is mooglik de direkte foarfaar fan 'e hjoeddeiske Afrikaanske marabû. Leptoptilos lui: In soarte út it Midden-Pleistoseen fan Sina. Leptoptilos patagonicus: In fynst út Argentynje (Mioseen), de oant no ta iennige soarte fan 'e Nije Wrâld. Leptoptilos richei: In soarte út it lette Mioseen fan Kenia. Dit is ien fan 'e âldste bekende fertsjintwurdigers fan it skaai yn Afrika. Leptoptilos titan: In gigantyske marabû út it Pleistoseen fan Java (Yndoneezje). Dizze wie mooglik noch grutter as de hjoeddeiske Yndyske marabû en libbe yn 'e selde tiid as de iere minske (Homo erectus). Leptoptilos pliocenicus: Sa't de namme al seit wie dat in soarte dy yn it Plioseen libbe. Fossilen binne fûn yn Jeropa (û.o. yn 'e Oekraïne en [Grikelân]]) en Etioopje. Dat bewiist dat marabû's eartiids ek yn 'e súdlike dielen fan Jeropa libben. Leptoptilos siwalicensis: In soarte út it Plioseen oant it iere Pleistoseen fan 'e Siwalik-heuvels yn Yndia en Pakistan.
De measte fan 'e fossile soarten binne tusken de 10.000 en 2 miljoen jier lyn ferdwûn. Ferskate soarten yn Jeropa en Aazje stoaren út doe't it klimaat yn 'e pleistosene iistiden te kâld waard. De gigantyske soarten op eilannen, lykas L. robustus op Flores, ferdwûnen sa'n 50.000 jier lyn, mooglik troch in kombinaasje fan fulkaanútbarstings en de komst fan 'e moderne minske dy't op deselde proaien jage.
Kategory:Fûgelskaai
Kategory:Eibertfûgel