Scarlett Holmes is in figuer optocht troch L Charles Stribling. Hja is twa jier âlder as har broer de speurder Sherlock Holmes. Hja koenen it lykwols as bern al net goed mei elkoar fine; de biograaf fan Sherlock, dokter John Watson, kin hja better oer. Der binne omstannichheden dêr't hja as frou allinnich gjin tagong hawwe soe, mar mei Watson derby al. Hja is lykwols minder te sprekken oer dat er har fral sjocht as in fròù, wylst hja eins leaver sjoen wurdt as immen mei in akedemyske oplieding. Hja is ferbûn oan de Universiteit fan Cambridge as Archeolooch, wat yn dy tiid in nije dissipline wie, en dêrmei iepen foar froulju, dêr't fêstige dissiplines dat hast net wienen.

It boek Scarlett Holmes - Sister of Sherlock, omfiemet 50 koarte ferhalen oer in frou dy't folle mear yn de mars hat as allinnich archeology.

Kategory:Fiktyf detektive Kategory:Fiktyf Ingelsk persoan Kategory:Fiktive frou Kategory:Fiktyf personaazje yntrodusearre yn 2022 Kategory:Sherlock Holmes