It reahart (Cervus elaphus) is nei de eland it grutste hart dat yn Europa foarkomt. Yn Nederlân is it ien fan 'e meast ymposante wylde dieren. It reahart stiet bekend om syn krêftige bou en it grutte gewei fan it mantsje.

Beskriuwing thumb|left|Bok yn 'e winter. It reahart hat in slanke, mar sterke bou. It hier is simmerdeis brúnread fan kleur. Winterdeis feroaret de kleur nei griisbrún. In folwoeksen bok hat in skofthichte fan 110 oant 140 sintimeter en kin tusken de 160 en 250 kilo weagje. De hine (of geit) is in stik lytser en lichter.

Allinnich de bokken drage in gewei, dat alle jierren yn 'e lette winter ôfsmiten wurdt. Fuortendaliks dêrnei groeit der in nij en faak grutter gewei werom, oerdutsen mei in sêft hier, dat letter oan beammen ôffage wurdt.

Kealtsjes ha ljochte plakken op it hier.

Fersprieding Reaharten komme foar yn grutte dielen fan Europa, Aazje en it noarden fan Afrika. Se binne ek yntrodusearre yn Nij-Seelân en Austraalje. Se libje it leafst yn boskrike gebieten, mar kinne harren goed oanpasse en komme ek foar op iepen heidefjilden en yn sompige gebieten, as der mar genôch dekking en fretten te finen is.

It reahart yn Nederlân Yn 'e midsiuwen kaam it reahart yn hiel Nederlân foar. Troch de jacht op it bist, it oanmeitsjen fan lân foar lânbou en de bou fan doarpen en stêden rekke it reahart in grut part fan syn habitat yn Nederlân kwyt. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw wie it reahart hast ferdwûn. Allinne op 'e Feluwe wiene noch bisten, dy't op de lângoeden dêr beskerming krigen. Sa koenen de populaasjes op it Kroandomein it Loo en yn it Nasjonaal Park de Feluwe wer groeie. Letter kamen dêr nije gebieten by, lykas de Oostvaardersplassen dêr't bisten útset waarden.

Op guon plakken lykas op 'e Feluwe wurde se beheard. Dat is nedich om de populaasje yn lykwicht te hâlden mei it beskikbere fretten en de ferkearsfeiligens. Yn 'e Oostvaardersplassen libje se yn in mear natuerlike setting sûnder natuerlike fijannen. Ek yn Noard-Brabân en Limburch wurde hieltyd faker reaharten sjoen troch de oanlis fan ekodukten.

Reaharten komme op it stuit (2026) net yn Fryslân foar. Ut en troch is der wolris in swalker waarnommen, lykas yn novimber 2025 by Easterwâlde.Omrop Fryslân, Reahart yn de achtertún: grutste sûchbist komt tichtby yn Easterwâlde, 27 novimber 2025 Der binne plannen om it edelhert yn it Drintsk-Fryske Wâld te yntrodusearjen. Ut in ûndersyk fan 'e provinsje Drinte die bliken dat dêr plak is foar likernôch 150 reaharten. Tocht wurdt dat in populaasje fan reaharten in posityf effekt hat op 'e natuer en it toerisme fan it Drintsk-Fryske Wâld.Vereniging Het Edelhert.

Undersoarten De taksonomyske yndieling fan it reahert (Cervus elaphus) is net hielendal fêstlein. Net alle biologen en taksonomen erkenne deselde ûndersoarten; guon ûnderskiede mar in beheind tal foarmen, wylst oaren folle mear ûndersoarten beskriuwe.BioDB, oproppen 6 maart 2026. De ûndersteande list jout dêrom in seleksje fan faak neamde ûndersoarten. Ofhinklik fan 'e grutte, kleur en it gewei binne der in oantal ûndersoarten.

Fryske namme Wittenskiplike namme Leefgebiet Beskriuwing Sweedsk reahart Cervus elaphus elaphus Súdlik Sweden en oare dielen fan Súd-Skandinaavje en Midden-Europa Genetysk suvere populaasjes komme benammen noch foar yn Skåne yn súdlik Sweden; in soad oare populaasjes binne hybriden mei oare reahart-ûndersoarten of wapity’s. Noarsk reahart Cervus elaphus atlanticus Noarwegen De measte populaasjes yn Noarwegen wurde as genetysk suver beskôge. Skotsk reahart Cervus elaphus scoticus Skotlân; ek ynfierd yn Nij-Seelân In relatyf lytse ûndersoarte fan de Skotske Heechlannen; genetysk suvere populaasjes komme ek foar op Nij-Seelân, dêr't yn 1871 dieren út Skotlân ynfierd binne. Midden-Europeesk reahart Cervus elaphus hippelaphus Midden-Europa In grutte ûndersoarte dy't yn in grut part fan Midden-Europa foarkomt; de populaasje yn 'e Fogezen wurdt faak as genetysk suver beskôge. Ibearysk reahart Cervus elaphus hispanicus It Ibearysk skiereilân (Spanje en Portugal) In wat lytser en griizer reahert; de populaasje yn it Nasjonaal Park Doñana wurdt as genetysk suver beskôge. Korsikaansk reahart Cervus elaphus corsicanus Korsika en Sardynje In lytse en bedrige ûndersoarte dy’t allinne op dizze eilannen foarkomt. Atlasreahart Cervus elaphus barbarus Atlasberchtme yn Noard-Afrika De iennige foarm fan it reahert dy’t fan natuere yn Afrika foarkomt. Kaspysk reahart (Maral) Cervus elaphus maral Gebiet tusken de Swarte See en de Kaspyske See In grutte ûndersoarte mei relatyf donker hier. Boecharareahart Cervus elaphus bactrianus Sintraal-Aazje (û.o. Oezbekistan) In seldsume ûndersoarte dy't benammen yn rivierbosken fan Sintraal-Aazje foarkomt.

Ekology Reaharten binne herbivoaren en frette gers, krûden, leaten fan beammen, beien en ikels. It binne sosjale dieren dy't yn groepen libje, dy't ridels neamd wurde. De geiten foarmje mei harren keallen in groep, wylst de bokken meastentiids yn aparte groepen libje. Se binne skouwer as deimen en komme faak by it skimerjen of nachts nei iepen plakken. In reahart hat ek in folle grutter gebiet nedich as de lytsere deim. thumb|left|Kealtsje. As de bisten yn septimber en oktober jachterich wurde, litte de bokken fan harren hearre troch te 'burlen'. Dat lûde, rauwe lûd tsjinnet om rivalen ôf te skrikken. Dêrby wurdt der bytiden fûleindich fochten tusken bokken om it rjocht om te pearjen. De draachtiid duorret likernôch 8 moannen en it keal wurdt meast yn maaie of juny berne. Hast altiten wurdt der mar ien keal smiten, selden binne it twa. In keal weaget by de berte sa'n 6 oant 10 kilo.

It reahart wurdt likernôch 15 jier âld, bokken libje yn 'e regel wat koarter as hines (wyfkes).

Status en bedrigingen Op 'e list fan 'e IUCN wurdt it reahart as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. De populaasjes binne yn 'e measte Europeeske lannen stabyl of groeiend. De grutste bedrigingen foar it reahart binne de fragmintaasje fan it leefgebiet troch diken en bebouwing en de jacht yn gebieten dêr't se as skealik beskôge wurde foar de boskbou. De komst fan de wolf yn Nederlân soarget foar in nije natuerlike dynamyk yn 'e populaasjes.

Kategory:Echt hart Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Eksoat yn Alaska Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Argentynje Kategory:Eksoat yn Sily Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân