Livius.org is in troch de Nederlânske âldheidshistoarikus Jona Lendering (Ryksuniversiteit Leien) yn 1996 oprjochte Ingelsktalige webside, dy't him mei de skiednis fan de âldheid dwaande hâldt.

Yn 'e rin fan 'e tiid waarden hûnderten artikels oer suver alle tema's troch Lendering (en syn kollega's fan Livius Underwiis) skreaun en online set. It swiertepunt leit by de skiednis fan it Perzyske Ryk en it Alde Grikelân – mei benammen omtinken foar de tiid fan Aleksander de GrutteJona Lendering hat sels ek in Nederlânsktalich boek oer Aleksander de Grutte skreaun: , Alexander de Grote. De ondergang van het Perzische Rijk, Amsterdam, 2004. –, mar dêrnjonken wurdt ek de skiednis fan it Joadendom, Germania Inferior en it Alde RomeSoad fan de artikels yn ferbân mei it âle Rome binne basearre op in oar Nederlânsktalich boek fan Lendering: , Stad in marmer. Gids voor het antieke Rome aan de hand van tijdgenoten, Amsterdam, 2002. behannele.

Op de side binne ek ferskate foto's te finen fan Lendering allyk as Marco Prins, foar de yllustraasje fan de artikels. Dêr binne ek Ingelsktalige oersettings fan guon antike teksten, dêr't guon gjin oare oersetting fan te finen is. Ta einbeslút biedt de webside romte oan it BCHP-projekt: it giet dêr om in preliminêre útjefte fan de Babyloanyske Kroniken út de Hellenistyske Tiidrek, in samling noch net útjûne klaaitabletten út it British Museum dêr't de gelearden noch oer diskussearje wolle foar't se oergean ta de definitive útjefte.Cuneiform sources for the history of Hellenistic Babylonia. Edition and Analysis KNAW-artikel oer it BCHP-project

Keppelings om utens Livius.org Livius Underwiis

Kategory:Aldheid Kategory:Nederlânsk webstee Kategory:Ingelsktalich webstee Kategory:Webstee oprjochte yn 1996