De Ferlossertsjerke (Dútsk: Erlöserkirche) is in protestantske tsjerke yn 'e Dútske stêd Bad Homburg vor der Höhe. It gebou stiet bekend as ien fan 'e wichtichste foarbylden fan 'e boukeunst út de tiid fan Wilhelm II, wêrby't neoromaanske foarmen kombinearre binne mei in byzantynsk ynterieur.
Skiednis Al sûnt it begjin fan 'e 19e iuw woe de protestantske gemeente fan Homburg graach in nije tsjerke bouwe. By in útwreiding fan 'e stêd hie lângreve Freark II fan Hessen-Homburg de âlde tsjerke sûnder fergunning ôfbrekke litten. Yn 1864 ûnthiet de doetiidske lângreve Ferdinand van Hessen-Homburg om 15 jier lang 2.000 gûne te jaan foar nijbou fan in tsjerke. Ek de ynwenners sammelen jild yn en yn 1865 waard de Elisabethenverein stifte om de bou mooglik te meitsjen.
Bad Homburg ûntwikkele him yn 'e 19e iuw ta in kueroard mei ynternasjonaal oansjen. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw wie ek keizer Wilhelm II in regelmjittige gast, dy't dêr syn simmerresidinsje hie. Ek de keizerlike famylje droech by oan 'e bou en keizerinne Augusta Victoria wie de beskermfrou fan it noch te bouwen tsjerkegebou. thumb|left|Portaal. De tsjerke waard tusken 1903 en 1908 boud. De opdracht kaam fan keizer Wilhelm II, dy't Bad Homburg as syn simmerresidinsje brûkte. It ûntwerp wie fan 'e keizerlike hofarsjitekt Franz Schwechten. De keizer wie sels nau belutsen by de planning en de artistike útfiering. Hy woe in tsjerke dy't de grutskens fan it Dútske Keizerryk fertsjintwurdige en symboal stie foar de ferbining tusken de troan en it leauwe. De ynwijing op 17 maaie 1908 fûn plak yn bywêzen fan 'e keizerlike famylje.
Arsjitektuer De Ferlossertsjerke is in neoromaanske krúsbasilyk mei fjouwer tuorren. It uterlik is frij strang en boud fan ljochte kalkstien, wat in kontrast foarmet mei it kleurrike ynterieur. De styl is basearre op 'e romaanske boukeunst út 'e tiid fan 'e Hohenstaufen-keizers, wêrmei't Wilhelm II in histoaryske ferwizing lizze woe nei it âlde Hillige Roomske Ryk.
Oan 'e súdkant fan 'e tsjerke, tichteby it koer, is in aparte yngong dy't allinnich foar de keizerlike famylje ornearre wie. Dy yngong late oer in treppehûs nei de keizerslôzje (de Kaiserloge) op 'e earste ferjipping.
Ynrjochting thumb|left|Mozaïken apsis. De tsjerke is binnenyn folslein oars as de bûtenkant. It ynterieur is oerdiedich fersierd yn byzantynske styl, ynspirearre troch de Hagia Sofia yn Konstantinopel en de tsjerken fan Ravenna. De muorren en koepels binne bedutsen mei miljoenen glêzen mozaykstientsjes op in gouden ûndergrûn. Yn 'e apsis dominearret in mânsk mozayk fan Kristus as Pantokrator. It gebrûk fan moarmer, brûns en ealstiennen makket it ien fan 'e rykste tsjerkeynterieurs fan Dútslân. Keizerinne Auguste Viktoria skonk it mei ealstiennen besette alterkrús, dat oarspronklik eins bedoeld wie foar de Ferlossertsjerke yn Jeruzalim.
Gebrûk De tsjerke tsjinnet as haadtsjerke foar de protestantske gemeente fan Bad Homburg. Njonken de tsjinsten stiet de tsjerke bekend om syn rike muzykkultuer. Der binne twa grutte oargels: it histoaryske Sauer-oargel út 1908 en it Bach-oargel (Woehl) út 1990. Troch de bysûndere akûstyk is de tsjerke populêr foar grutte koar- en oargelkonserten.
Oargels De tsjerke hat twa ynstruminten mei elts in hiel eigen lûd en skiednis: thumb|left|Ynterieur mei sicht op 'e oargels. It Sauer-oargel (1908) is it oarspronklike oargel, boud troch de ferneamde Wilhelm Sauer. It is in typysk romantysk-symfoanysk oargel dat ornearre wie om it lûd fan in folslein orkest te produsearjen. In bysûnder technysk skaaimerk is it saneamde Fernwerk, wêrfan't de pipen yn 'e toer boppe it haadoargel steane en wêrfan't it lûd troch in klankkanaal boppe it ferwulft fan 'e tsjerke laat wurdt en út in klankgat boppe it koer de tsjerke ynstreamt. Sauer hie yn 1895 ek in soartegelikens ekstern oargel boud foar de Kaiser Wilhelm Gedächtniskirche in Berlyn. It effekt is in boppenatuerlik ingelelûd. By in restauraasje troch Förster & Nicolaus yn 1993 waard it oargel útwreide mei in fjirde manuaal, dêr't in Récit op set waard mei in mear Frânsk karakter. it oargel waard op 4 july 1993 wer yn gebrûk nommen.
It Bach-oargel (1990) waard boud om 't it Sauer-oargel minder geskikt is foar barokmuzyk. De gemeente liet dêrom yn 1990 in twadde oargel bouwe troch de firma Woehl. Dat ynstrumint is spesjaal ûntwurpen foar de muzyk fan Johann Sebastian Bach en is basearre op 'e 18e-iuwske oargelbou út Midden-Dútslân.
Keppeling om utens Disposysje Sauer-oargel.
Kategory:Bad Homburg vor der Höhe Kategory:Tsjerkegebou yn Hessen Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân Kategory:Bouwurk út 1908