Augusta Fiktoaria fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg (Dútsk: Auguste Viktoria; Dolzig, 22 oktober 1858 – Doarn, 11 april 1921) wie de frou fan Wilhelm II, de lêste Dútske keizerin en keninginne fan Prusen. Sy stie bekend om har sosjale belutsenens, har religieuze oertsjûging en har grutte ynfloed efter de skermen fan it keizerlik hof.

Jonkheid en komôf Prinsesse Augusta Fiktoaria ("Dona") wie de dochter fan Freark VIII fan Sleeswyk-Holstein en Adelheid fan Hohenlohe-Langenburg. Har famylje ferlear it hartochdom Sleeswyk-Holstein earst oan Denemark en letter oan Prusen. Fanwegen dat ferlies fan it stamfoarstedom waard hja troch de Prusyske adel ynearsten as net folslein lykweardich beskôge foar in houlik mei de troanopfolger, de lettere Wilhelm II.

Houlik en bern Nettsjinsteande de politike beswieren troude hja op 27 febrewaris 1881 mei Wilhelm II. It wie in houlik basearre op leafde; Augusta Fiktoaria wie in grutte stipe foar har man, dy't har letter omskreau as in "prachtminkse". It pear krige sân bern.

OfbyldNammeBerneStoarnBysûnderheden 100px Kroanprins Willem6 maaie 188220 july 1951Boaske yn 1905 mei Cecilie fan Mecklenburg-Schwerin. 100px Prins Eitel Freark7 july 18838 desimber 1942Bouske Sophie Charlotte fan Aldenburch. 100px Prins Adalbert14 july 188422 septimber 1948Boaske Adelheid Arna fan Saksen-Meiningen. 100px Prins Augustus Willem29 jannewaris 188725 maart 1949Boaske Alexandra fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg. 100px Prins Oskar27 july 188827 jannewaris 1958Boaske grevinne Ina Marie fan Bassewitz-Levetzow. 100px Prins Joächim17 desimber 189018 july 1920Boaske Marie Auguste fan Anhalt. Die himsels yn 1920 tekoart. 100px Prinsesse Fiktoaria Louise13 septimber 189211 desimber 1980Boaske Ernst August fan Brunswyk.

Keizerinne fan Dútslân (1888–1918)

Yn it saneamde Trijekeizerjier (1888) folge Wilhelm syn heit op as keizer. Augusta Fiktoaria waard keizerinne, de Landesmutter, en mei grutte tawijing wie hja belutsen by mear as 140 garitative ynstellings. Hja rjochte it Kaiserin-Auguste-Viktoria-Haus op yn Berlyn, de earste spesjale klinyk foar pjuttesoarch. Troch har ynset foar de bou fan 66 nije tsjerken yn Berlyn krige hja de spytgnyskjende bynamme Kirchenjuste of Kirchen-Auguste. Histoarisy beskriuwe har as tige konservatyf en hja spile in grutte rol by it oanbliuwen fan Wilhelm II nei de Daily Telegraph-affêre (1908) en wie fûl tsjin de demokratisearring fan it keizerryk oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldkriich.

Ferballing, famyljedrama en ferstjerren Nei de fal fan 'e monargy yn 1918 folge hja de keizer yn ballingskip nei Nederlân, earst nei Amerongen en letter nei Hûs Doarn. De lêste jierren fan har libben wiene swier troch de dea fan har jongste soan, prins Joachim, yn july 1920. Histoarisy neame faak de kombinaasje fan 'e politike feroaringen nei de revolúsje en persoanlike houliksproblemen as redenen foar syn selsmoard. Dat drama hie lykwols in ferneatigjende ynfloed op de al swakke sûnens fan 'e keizerinne; hja koe it ferlies net te boppe komme en har fysike tastân gie dêrnei hurd efterút.

Augusta Fiktoaria ferstoar op 11 april 1921 yn Doarn yn 'e âldens fan 62 jier. Hoewol't de keizerlike famylje ferballe wie, krige hja har lêste rêstplak yn Dútslân. Under grutte belangstelling fan likernôch 200.000 minsken waard hja byset yn 'e Antike timpel (Antikentempel) by it Neues Palais yn Potsdam.

Brievefynst (2018) Yn 2018 waard yn in ferburgen kast yn har âlde klaaikeamer yn it Neue Palais yn Potsdam in briefwiksel fan likernôch 1.000 dokuminten fûn. Dy brieven jouwe in folslein nij byld fan har libben en politike gewicht. De dokuminten litte sjen dat hja net allinnich in modelfrou wie, mar ek in frou dy't har yntinsyf bemuoide mei de steatsaken en diplomatike kwestjes. It ûndersyk nei dizze brieven is noch jimmeroan yn folle gong.Jörg Kirschstein: Sensationeller Fund im Neuen Palais: 1000 vergessene Briefe an Kaiserin Auguste Victoria entdeckt, 6 augustus 2018.

Kategory:Willem II fan Dútslân Kategory:Dútsk balling Kategory:Dútsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Skiednis fan Dútslân Kategory:Persoan berne yn 1858 Kategory:Persoan stoarn yn 1918