De Karibyske flamingo (Phoenicopterus ruber) of de is in grutte fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e flamingofûgels (Phoenicopteridae). It is de iennichste flamingosoarte dy't fan natuere yn Noard-Amearika foarkomt. Fan alle flamingosoarten hat er de meast felle fearren.

Skaaimerken thumb|left|Fleanende reade flamingo's. De Karibyske flamingo is in grutte fûgel fan likernôch 120 oant 145 sm heech. De fearren binne opfallend rôze oant read. Yn 'e flecht is te sjen dat de slachpinnen swart binne. De poaten binne folslein rôze of read. De snaffel is ljocht fan kleur (wyt-gielich oant oranje) mei in dúdlike swarte punt en it each is giel.

Piken dy't krekt út it aai komme, sitte in griis-wyt dûns en ha noch in rjochte snaffel. As se harren earste echte fearren krije, binne dy folslein griis-brún. Se misse it rôze pigmint noch folslein. De poaten fan 'e juvenilen binne donkergriis oant swart. Nei twa oant trije jier begjinne de fearren stadichoan rôze te wurden. It duorret faak oant it fjirde of fyfte jier foardat se de folsleine, felle reade kleur fan in folwoeksen fûgel hawwe. By juvenilen is it each yn it begjin noch brún oant griis.

Fersprieding De soarte komt foar yn 'e tropyske dielen fan Sintraal-Amearika, de Kariben en Floarida:

De Galapagoseilannen De kust fan Kolombia en Fenezuëla It Karibysk Gebiet (û.o. Kuba, de Bahama's en de Nederlânske Antillen) It skiereilân Yucatán yn Meksiko

Se libje benammen yn sâlt wetter, lykas lagunes, draslannen en sâltpannen.

Ekology thumb|left|Juvenilen. Karibyske flamingo's binne tige sosjaal en libje yn koloanjes dy't út tûzenen fûgels bestean kinne. Se lizze meastentiids mar ien aai op in bultsje dridze. Beide âlden briede it aai út en fuorje it jong mei in soarte fan "molke" (kropmolke) út 'e slokterm.

Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de reade flamingo de status net bedrige (Least Concern). De oantallen fan 'e soarte lykje yn guon gebieten wat ta te nimmen.

Dochs binne der bedrigingen om't de fûgels yn mar in pear spesifike gebieten briede. As der yn sa'n gebiet wat mis giet, hat dat fuortendaliks gefolgen foar in relatyf grut part fan de hiele populaasje. De grutste bedrigingen wurde der foarme troch kustûntwikkeling lykas de bou fan hotels en toeristyske foarsjennings, wetterfersmoarging en fersteuring of ekstreem waar.

Kategory:Grutte flamingo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen