De wapity of it Kanadeesk reahart (Cervus canadensis) is ien fan 'e grutste hartesoarten op 'e wrâld. Foar in hiel skoft waard de wapity as in ûndersoarte fan it Europeeske reahart (Cervus elaphus) beskôge, mar op basis fan genetysk ûndersyk út 2004 is fêststeld dat it om in aparte soarte giet. De namme 'wapity' komt út de taal fan 'e Sjâny (Shawnee) en betsjut letterlik "wite efterkant", in ferwizing nei de spegel om 'e sturt hinne.

Ferskining thumb|left|Hine mei kealtsjes. De wapity is oer it generaal grutter en swierder as it Europeeske reahart. In folwoeksen bok kin in skofthichte fan 1,5 meter berikke en tusken tusken de 300 en 400 kilogram weagje, mei útsjitters oant sa'n 450 kilogram. Winterdeis is it hier ljochtbrún oant griisbrún, wylst de nekke en de poaten faak folle donkerder binne. Opfallend is de grutte krêmkleurige spegel op 'e efterkant. It gewei fan 'e bokken is ynposant; it groeit breed út en kin wol 1,2 meter lang wurde mei seis of mear einen oan 'e stange.

Lykas de kealtsjes fan ús reahart ha ek de kealtsjes fan 'e wapity readbrún oant gielbrún hier mei ljochte rûne stippen. Dy stipkes ferdwine nei in moanne as trije.

Fersprieding De soarte komt oarspronklik yn Noard-Amearika en East-Aazje foar. Yn Noard-Amearika beslacht it gebiet benammen de Rocky Mountains en dielen fan West-Kanada. Yn Aazje libbet de wapity yn Sibearje, Mongoalje en Noard-Sina. De soarte is ek troch de minske yntrodusearre yn lannen lykas Nij-Seelân en Argentynje, dêr't se har goed oanpast hawwe.

Undersoarten De wapity wurdt opdield yn ferskate groepen yn Noard-Amearika en East-Aazje. It ûndersteande oersjoch folget de tradisjonele yndieling fan 'e ûndersoarten fan 'e wapity (Cervus canadensis). Yn guon resinte taksonomyske stúdzjes wurdt útsteld om de Súdaziatyske foarmen wallichii, macneilli en kansuensis net mear ta dizze soarte te rekkenjen, mar se ûnder te bringen by it Sintraalaziatysk reahart (Cervus hanglu). Oer dy yndieling bestiet lykwols noch gjin folsleine wittenskiplike konsensus, en dêrom wurde se hjir noch neffens de klassike klassifikaasje as ûndersoarten fan 'e wapity werjûn.

Der binne ek twa Noard-Amerikaanske ûndersoarten dy't no útstoarn binne.

Undersoarte Wittenskiplike namme Fersprieding / opmerkingen Noard-Amearika Roosevelt-wapity Cervus canadensis roosevelti De grutste fariant; kustregio's fan 'e Pasifyske Noardwestkust. Rocky-Mountain-wapity Cervus canadensis nelsoni De meast foarkommende ûndersoarte yn 'e Feriene Steaten. Manitoba-wapity Cervus canadensis manitobensis Kanadeeske prêrjes. Tule-wapity Cervus canadensis nannodes De lytste Noard-Amerikaanske ûndersoarte; endemysk yn Kalifornje. † Eastlike wapity Cervus canadensis canadensis Utstoarn sûnt 1877; eartiids yn it easten fan Noard-Amearika. † Merriam-wapity Cervus canadensis merriami Utstoarn sûnt de iere 20e iuw; súdwestlik Noard-Amearika. East-Aazje Altai-wapity Cervus canadensis sibiricus Súd-Sibearje en Mongoalje. Tianshan-wapity Cervus canadensis songaricus Tian Shan-berchtme Mantsjoerijske wapity Cervus canadensis xanthopygus Noardeast-Sina en Russyske Fiere Easten. Alashan-wapity Cervus canadensis alashanicus Goby-woastyn. Súd-Aazje Tibetaanske wapity Cervus canadensis wallichii Tibet en Himalaya-gebiet. Sichuan-wapity Cervus canadensis macneilli West-Sina (Sichuan). Kansu-reahart Cervus canadensis kansuensis Noard-Sina (Gansu).

Ekology Wapitys binne sosjale bisten dy't yn grutte keppels libje, bûten de peartiid faak neffens geslacht skieden. Se binne herbivoaren en ite gers, krûden, blêden en knoppen fan beammen. De peartiid fynt plak yn septimber en oktober. De lûden dy't de bokken dan meitsje, binne oars as it lege burljen fan it Europeeske reahart; it is in heech, fluitjend lûd.

Status en bedriging De wapity wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. Hoewol't de soarte yn it ferline op guon plakken hast útroege wie troch oerbejaging, binne de populaasjes troch strangere wetjouwing en beskermingsmaatregels wer tanaam. Yn Noard-Amearika allinnich al libje der no wer mear as in miljoen wapity's. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e wapity binne wolven, poema's en grutte bearen. Yn Aazje kinne ek tigers wapitys fange. Rôfdieren nimme benammen kealtsjes, jonge of swakke dieren.

Kategory:Echt hart Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Eksoat yn Alaska Kategory:Eksoat yn Argentynje Kategory:Eksoat yn Sily Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân