Lulk is in Nederlânske misdiefilm út 2026 ûnder rezjy fan Janko Krist. De film is fierhinne Frysktalich, mei inkele Nederlânsktalige rollen. It ferhaal folget de efterstelde metaalbewurker Durk, dy't út wanhoop in op in gizeling útrinnende bankoerfal útfiert. De haadrollen waarden spile troch Lourens van den Akker, Thom Hoffman, Sjoukje Minkema en Oele Plop. Lulk gie op 4 maart 2026 yn it Keninklik Teäter Tuschinski yn Amsterdam yn premiêre en iepene op 12 maart yn 'e Nederlânske bioskopen.
Plot Durk de Vries is in metaalbewurker dy't mei wiif en twa bern yn in folksbuert yn Drachten wennet. Hy wurket foar in krap lean op in skipswerf dêr't lúkse jachten makke wurde. Syn spesjalisme is de laadklep foar jetsky's. Syn bazen sjogge op him del en hawwe de gek mei him. Troch in opienfolging fan swierrichheden komt Durk yn 'e skulden, oant er it langer net mear pikt om altyd eftersteld te wurden en útbarst yn razernij. Hy lit him deryn lúzje om in bankoerfal te dwaan, mar dat rint út op in gizeling fan 'e ôfhâldige bankdirekteur Wijnenberg en twa tafallige klanten: TikTok-influencer Femke en frachtweinsjauffeur Bauke.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Durk de Vries Lourens van den Akker Hendrik Wijnenberg Thom Hoffman Femke Sjoukje Minkema Bauke Oele Plop
byrollen personaazje akteur/aktrise professor Arjan Ederveen Wabe Jan Willem Hofma Jildou Bette Krist Jesse Twan Krist Hanneke Bies Inez Timmer Nynke Joyce Tocanini
Produksje Lulk waard regissearre troch Janko Krist, dy't sels ek it senario skreau en de film yn 'e mande mei Klaas Bies produsearre. Drama5 en Bliksumfilms wiene de filmstudio's dy't by it projekt belutsen wiene. Lulk wie de twadde film fan Krist nei Stjer út 2021. It wie in lowbudgetfilm dy't neffens Krist makke waard mei in "mikrobudget" ter wearde fan €70.000. Dat bedrach swile er binnen mei skinkings fan 'e Provinsje Fryslân, Omrop Fryslân en ferskate kulturele stiftings. It Nederlânsk Filmfûns wegere in bydrage om't Krist "noch gjin hantekening hawwe" soe (d.w.s. hy is gjin renommearre regisseur).
De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jorrit Meinsma, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jeroen Seinstra. De opnamen foar de gizelingssêne fûnen plak yn 'e keamer fan administraasje yn 'e Boargemaster Harmsmaskoalle op De Gerdyk. Fan begjin oant ein duorre de produksje fan Lulk neffens Krist fjouwer oant fiif jier.
Distribúsje Lulk gie op 4 maart 2026 yn it Keninklik Teäter Tuschinski yn Amsterdam yn premiêre en iepene op 12 maart yn 'e Nederlânske bioskopen. Regisseur en produsint Janko Krist sei neitiid dat de fertoaning yn 'e bioskopen "net hielendal [wie] sa't ik hope hie". Der kaam folle minder folk op Lulk ôf as op Krist syn earste film, Stjer, dy't 15.000 bioskoopgongers loek. Mids septimber 2026 waard bekend dat Lulk opnommen wurde soe yn it oanbod fan 'e Amerikaanske streamingtsjinst Prime Video, in dochterûndernimming fan Amazon. Neffens Krist wie dat te tankjen oan syn kontakten mei de Ljouwerter filmdistributeur Source 1 Media. Foar Prime Video waard fan Lulk in Ingelsktalige trailer makke en krige de film sels Ingelske ûndertiteling.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Lulk Ynformaasje oer Lulk yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Nederlânske misdiefilm Kategory:Fryske misdiefilm Kategory:Frysktalige film Kategory:Nederlânsktalige film Kategory:Film fan Janko Krist Kategory:Film út 2026 Kategory:Film oer in bankberôving Kategory:Film oer in gizeling