It sikahart (Cervus nippon) of it Japanske reahart is in middelgrutte hartesoarte dy't oarspronklik út it easten fan Aazje komt. De namme 'sika' komt fan it Japanske wurd shika, itjinge gewoan 'hart' betsjut. De soarte is oer de hiele wrâld yntrodusearre yn lannen lykas it Feriene Keninkryk, Ierlân, Frankryk, Dútslan, Poalen, Denemark en de Feriene Steaten foar. Yn Nederlân is de soarte tige seldsum.

Beskriuwing It sikahart is lytser as it reahart en hat in kompakte bou. Winterdeis is it hier donkergriis oant swart, wylst simmerdeis it hier kastanjebrún is mei opfallende wite stippen. De spegel, it wite plak op it efterein om 'e sturt, is mei donker hier omrâne. It sikahart hat in relatyf lyts gewei en meastentiids maksimaal acht punten oan 'e stange. De skofthichte sit tusken de 70 en 110 sintimeter, ôfhinklik fan 'e ûndersoarte.

Fersprieding en ûndersoarten It natuerlike ferspriedingsgebiet beslacht it easten fan Aazje, wêrûnder Japan, Taiwan, dielen fan Sina, Koreä en it easten fan Ruslân. Troch de grutte fan it gebiet binne der ferskate ûndersoarten ûntstien:

Undersoarte Wittenskiplike namme Fersprieding / opmerkingen Japan Kyūshū-sikahart Cervus nippon nippon Súd-Japan (Kyūshū en Shikoku); de type-ûndersoarte. Hokkaido-sikahart Cervus nippon yesoensis De grutste Japanske fariant; komt foar op Hokkaido. Honshu-sikahart Cervus nippon centralis De meast foarkommende ûndersoarte op it haadeilân Honshu. Yakushima-sikahart Cervus nippon yakushimae Endemysk op it eilân Yakushima; lytse bou. Mageshima-sikahart Cervus nippon mageshimae Isolearre populaasje op it eilân Mageshima. Kerama-sikahart Cervus nippon keramae Op 'e Kerama-eilannen Tsushima-sikahart Cervus nippon pulchellus Eilân Tsushima; nau besibbe oan fêstelânpopulaasjes. East-Aazje (fêstelân en oare eilannen) Mantsjoerijsk sikahart Cervus nippon mantchuricus Ruslân, mooglik útstoarn yn Sina en Koreä. Dybowski-sikahart Cervus nippon hortulorum East-Ruslân; de grutste fan alle ûndersoarten. Formosa-sikahart Cervus nippon taiouanus Endemysk yn Taiwan; yn it wyld útstoarn yn 1969, nei weryntroduksje no tanimmend Fjetnameesk sikahart Cervus nippon pseudaxis Noard-Fjetnam; folslein útstoarn yn it wyld, plannen foar weryntroduksje yn tarieding Súdsineesk sikahart Cervus nippon kopschi Súd- en East-Sina; bedrige troch habitatferlies. Sichuansikahart Cervus nippon sichuanicus West-Sina (Sichuan en Gansu). † Shanxi-sikahart Cervus nippon grassianus Provinsje Shanxi, Sina, mooglik útstoarn † Noardsineesk sikahart Cervus nippon mandarinus Utstoarn; eartiids yn Noard-Sina, nei alle gedachten yn it wyld útstoarn † Luzon-sikahert Cervus nippon soloensis Filipinen (Luzon); allinnich bekend as fossyl.

Bûten it natuerlike gebiet is de soarte yn 'e 19e iuw yntrodusearre yn Europa foar de jacht en yn harteparken. Sûnt dy tiid hawwe ûntsnapte dieren wylde populaasjes foarme yn ûnder oaren it Feriene Keninkryk, Ierlân, Frankryk en Nederlân.

Ekology Sikaherten passe harren maklik oan en libje yn ferskate habitats fan ticht bosk oant sompen en gerslannen. It binne herbivoaren dy’t in breed skala oan planten ite, lykas gers, blêden, twigen en sels beambast. Se binne lûdroftich. Yn 'e brûnstiid (septimber oant novimber) litte de mantsjes in heech fluitsjend lûd hearre om wyfkes te lokjen en oare mantsjes ôf te skrikken. De wyfkes smite nei in draachtiid fan goed sân moannen meastentiids ien keal yn 'e maitiid.

Status, bedriging en beskerming Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige (Least Concern) klassifisearre, foaral fanwegen de grutte populaasjes yn Japan. Guon Sineeske ûndersoarten binne lykwols seldsum of sels útstoarn yn it wyld.

Yn Europa wurdt it sikahart faak as in bedriging sjoen foar it lânseigen reahart. De beide soarten kinne nammentlik krúse (hybridisearje), itjinge liedt ta genetyske fersmoarging fan 'e reahartpopulaasje. Dêrom jilde der yn lannen lykas Nederlân strange regels om de fersprieding fan it sikahert op te kearen.

Kategory:Echt hart Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Eksoat yn Armeenje Kategory:Eksoat yn Eastenryk Kategory:Eksoat yn Azerbeidzjan Kategory:Eksoat yn Tsjechje Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn Ierlân Kategory:Eksoat yn Litouwen Kategory:Eksoat yn Madagaskar Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn de Filipinen Kategory:Eksoat yn Poalen Kategory:Eksoat yn de Oekraïne Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Skotlân Kategory:Eksoat yn Wales Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Dútslân