De ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2025 yn Fryslân jouwe in oersjoch fan de útslaggen yn de provinsje en kieskring Fryslân by de lanlike Twadde Keamerferkiezings 2025. It risseltaat wie dat de PVV yn Fryslân de grutste partij waard, folge troch it CDA en D66. Fan alle kiezers kamen der 4,0% út Fryslân wat in evenredich oanpart fan 6 mandaten betsjutte. Der waarden lykwols ek 6 Fryske kandidaten ferkeazen fia foarkarstimmen of listfolchoarder.KAART: Hoe hat dyn gemeente stimd? - Omrop Fryslân

De lanlike ferkiezings foar de Twadde Keamer waarden holden op woansdei 29 oktober 2025. De stimbusgong wie oarspronklik pland foar maart 2028, mar waard nei foaren helle nei de fal fan it kabinet-Schoof op 3 juny 2025.

Dielnimmers ListposysjeFryske listlûkerWenplak460x60pxFemke Wiersmaframeless|60x60pxHolwert860x60pxHabtamu de Hoopframeless|60x60pxSnits860x60pxMaarten GoudzwaardLjouwert1460x60pxLuciënne Boelsma-HoekstraJiskenhuzen1760x60pxHarry BeversLjouwert2760x60pxMarieke Vellinga-Beemsterboerframeless|60x60pxBoazum160x60pxAant Jelle Soepboerframeless|60x60pxNijewier760x60pxCarlijn NiesinkWurdum2060x60pxHerman NotaParregea2760x60pxMax AardemaDrachten3060x60pxHanneke GoedeSnits3660x60pxAnne Johan WoudstraIt Hearrenfean

Utslach Op 7 novimber 2025 waard troch de Kiesried yn in iepenbiere sitting de definitive útslach fêststeld. Op basis fan it tal útbrochte stimmen yn kieskring Fryslân soe de provinsje sa likernôch rjocht hawwe op seis sitten yn de Twadde Keamer. De foarkarsdrompel lei (mei in kwart fan de kiesdieler) op 17.620 stimmen.Proses-ferbaal fan de útslach fan de ferkiezing fan de Twadde Keamer 2025 d.d. 7 novimber 2025 | Kiesried.nl

Fryske kandidaten By de Twadde Keamerferkiezings fan 2025 diene ferskate kandidaten út Fryslân mei op de kandidatenlisten.Winners en ferliezers: dizze Friezen komme (mooglik) yn de Twadde Keamer - Omrop Fryslân Fan de partijen dy’t sitten hellen, hiene inkeld FvD, DENK, SGP en Volt gjin kandidaten mei in Fryske eftergrûn op harren kandidatenlist stean.

It evenredich oanpart fan seis sitten waard mei dizze útslach folslein ynfolle troch kandidaten mei in Fryske eftergrûn. Foar Habtamu de Hoop (GL-PvdA, #8) en Luciënne Boelsma-Hoekstra (CDA, #14) waard yn peilings al rekken holden mei harren ferkiezing. Hja stienen relatyf heech op de kandidatenlist fan partijen dy’t neffens ferskate peilings genôch sitten helje soene.Hoe wurdt Fryslân aanst yn De Haach fertsjintwurdige? [FY] | by Klaas Groen | Medium Dêrnjonken behelle Habtamu de Hoop sels ek al genôch stimmen foar in foarkarssit.

De lanlike listlûker fan de FNP, Aant Jelle Soepboer, einige mei 4.796 Fryske stimmen as tredde Fryske kandidaat. De partij helle lanlik lykwols net genôch stimmen foar in sit, wêrtroch’t er net yn de Twadde Keamer kaam.

By de oare kandidaten wie it oant de útslach minder wis oft harren partij genôch sitten helje soe om hja yndied ek yn de Twadde Keamer te bringen. Harren ferkiezing wie benammen ôfhinklik fan de lanlike útslach. Femke Wiersma (BBB, #4) wie lykwols mei 18.903 lanlike stimmen net mear ôfhinklik fan de listfolchoarder. Twa oare kandidaten waarden ferkeazen op basis fan harren posysje op de kandidatenlist. Dat jilde foar Harry Bevers (VVD, #17) en Maarten Goudzwaard (JA21, #8).De populêrste Friezen, it wenplakeffekt en ferskillen tusken Fryske en Nederlânske kiezers - Omrop Fryslân

In útsûndering op de ferwachtings wie de ferkiezing fan Marieke Vellinga-Beemsterboer (D66, #27). Sy waard net keazen op basis fan de listfolchoarder, mar troch foarkarsstimmen. Har ferkiezing waard beskôge as in ferrassing en hold ferbân mei de lanlike aksje ‘Stim op in frou’, dy’t kiezers oprôpen om froulike kandidaten mei foarkarsstimmen te stypjen. Mei 36.576 stimmen helle sy rom de foarkarsdrompel fan 17.620 stimmen en bemachtige sa dochs in sit. Fierút de measte fan dizze stimmen kamen fan bûten Fryslân.Wethâlder Vellinga-Beemsterboer mei tank oan foarkarstimmen wis fan sit yn Twadde Keamer - Omrop Fryslân

De PVV behelle ien sit te min om der foar te soargjen dat Max Aardema (PVV, #27) ferkeazen waard. Oare Fryske kandidaten bleaune fier wei fan in sit op basis fan foarkarsstimmen of listfolchoarder. +Risseltaten fan de Fryske listlûkersListposysjeNammeSittenborder|20x20pxRest TotaalSeleksje8GL-PvdAHabtamu de Hoop20✅13.559 15.04628.605✅Foarkarsstimmen14CDALuciënne Boelsma-Hoekstra18✅5.4191.8637.282Listfolchoarder1FNPAant Jelle Soepboer04.7961.4836.2794BBBFemke Wiersma4✅4.14514.75818.903✅Foarkarsstimmen27D66Marieke Vellinga-Beemsterboer263.43433.14236.576✅Foarkarsstimmen17VVDHarry Bevers22✅1.6257282.353Listfolchoarder8JA21Maarten Goudzwaard9✅1.0058371.842Listfolchoarder27PVVMax Aardema266832409237CUCarlijn Niesink35248551.37930SPHanneke Goede33912756662050+Herman Nota237418055436PvdDAnne Johan Woudstra316899267 Fryske partijferhâldings

De ferkiezingsútslach yn Fryslân liet op ferskate punten in oar byld sjen as yn de rest fan Nederlân. In tal partijen die it yn Fryslân relatyf better as lanlik, wylst oare partijen krekt minder stipe krigen. PVV wie yn de provinsje de grutste partij wylst dat yn de rest fan Nederlân D66 wie.Analyze: CDA en D66 groeie, mar PVV bliuwt de grutste partij fan Fryslân - Omrop Fryslân Hjirnjonken is te sjen hoe't de ferdieling fan 150 sitten wêze soe wannear't allinnich de Fryske stimmen meitelle soene. As allinnich Fryslân stimd hie en de rest fan Nederlân net, dan hie de FNP útkaam op twa sitten en DENK op nul.

It grutste ferskil wie foar it CDA. De partij helle yn Fryslân 15,4% fan de stimmen, wylst dat yn de rest fan Nederlân 11,6% wie. Dat betsjutte in positive ôfwyking fan 3,8%. Ek de protestpartijen FvD en de BBB hellen yn Fryslân relatyf mear stipe as lanlik, mei beide in ferskil fan 2,4%.

De Fryske Nasjonale Partij helle 1,5% fan de stimmen yn Fryslân. Bûten de provinsje waard hast net op de partij stimd, wêrtroch’t it ferskil mei de rest fan Nederlân ek 1,5 persintaazjepunt bedroech. Ek de PVV die it yn Fryslân 0,6% better as lanlik, mei 17,3% tsjin 16,6% yn de rest fan it lân. Lytse positive ferskillen wiene der fierder foar de KristenUny, de SP en NSC.

Oan de oare kant hellen guon partijen yn Fryslân relatyf minder stimmen as yn de rest fan Nederlân. It grutste negative ferskil kaam op rekken fan D66, dat yn Fryslân 13,2% fan de stimmen helle tsjin 17,1% yn de rest fan Nederlân. Ek de VVD bleau yn Fryslân fier efter by de rest fan Nederlân, mei in ferskil fan 2,3 persintaazjepunten.

Partijen dy’t yn Fryslân ek minder stipe krigen wiene ûnder oare DENK, de SGP, GrienLinks-PvdA en de Partij foar de Bisten. Ek JA21, Volt, BIJ1 en 50PLUS hellen yn de provinsje in wat leger oandiel fan de stimmen as yn de rest fan it lân.

De sifers litte sjen dat benammen agraryske, kristendemokratyske en protestpartijen yn Fryslân relatyf sterk stienen, wylst guon mear liberale, stedske of lanlik-progressive partijen minder stipe krigen as yn de rest fan it lân. +Ferkiezingsútslach yn FryslânPartijKieskring Fryslân border|20x20pxRest fan border|20x20pxFerskil Stimmen %Stimmen%+/- PVV 72.957 17,3%1.688.00916,6% 0,6%CDA 65.062 15,4%1.181.81211,6% 3,8%D66 55.817 13,2% 1.734.81717,1% 3,9%GL-PvdA 51.773 12,3%1.300.39012,8% 0,6% VVD 50.780 12,0%1.455.04914,3% 2,3%FvD 28.961 6,9%451.4324,4% 2,4%JA21 23.501 5,6%605.0166,0% 0,4%BBB 20.864 4,9%259.0522,6% 2,4% CU 10.537 2,5%190.8241,9% 0,6% SP 8.723 2,1%190.8621,9% 0,2% FNP 6.540 1,5%2.7910,0% 1,5% PvdD 6.343 1,5%213.0282,1% 0,6% SGP 5.606 1,3%232.4872,3% 1,0% 50+ 5.498 1,3%145.5551,4% 0,1% Volt 2.873 0,7%113.5951,1% 0,4% NSC 1.891 0,4%37.5170,4% 0,1% DENK 1.831 0,4%248.5372,4% 2,0%Oars 2.989 0,7%98.7251,1% 0,4%Jildige stimmen422.546100%10.149.498100%0% De opkomst yn Fryslân wie 81,2% wylst dat yn de rest fan Nederlân 78,2% wie. Hjirmei lei de opkomst yn Fryslân mear as 3% heger as yn de rest fan Nederlân. +Oare sakenKategoryFryslân border|20x20pxRest fan border|20x20pxKiesgerjochtigden523.096100%13.066.032100%Net opkaam98.15918,8%2.850.64521,8%Opkomst424.93781,2%10.215.38778,2%Ûnjildich7680,1%27.4380,2%Blanko1.6230,3%38.5050,3%Jildige stimmen422.54680,8%10.149.44477,7%Stimoanpart6,0 sitten4,0%144,0 sitten96,0%

Boarnen

Navigaasje

Kategory:Twadde Keamer Kategory:Ferkiezings yn Nederlân Kategory:Ferkiezings yn Fryslân Kategory:Barren yn 2025