thumb|300px|Kaart fan bekende superfulkanen op ierde: thumb|Stratofulkaan Aniaksjak yn Alaska thumb|Trochsneed fan in superfulkaan (Long Valley Kaldeara ) In superfulkaan is in fulkaan dy't in útbarsting hân hat mei in fulkanyske eksplosiviteitsyndeks (VEI) fan 8, de grutste registrearre wearde op 'e yndeks. Dit betsjut dat it folume fan ôfsettings foar sa'n útbarsting grutter is as 1.000 kubike kilometer.
Oarsaken Superfulkanen ûntsteane as magma yn 'e mantel yn 'e koarste opstiet, mar der net trochhinne brekke kin. Druk bout him op yn in grutte en groeiende magmapoel oant de koarste de druk net mear befetsje kin en brekt. Dit kin foarkomme by hotspots (bygelyks de Yellowstone-kaldeara) of by subduksjesônes (bygelyks Toba).
Gefolgen Grutte superfulkanyske útbarstings wurde ek faak assosjeare mei grutte stollingsgebieten, dy't enoarme gebieten mei lava en fulkanyske jiske bedekke kinne. Sokke gebieten kinne trochgeande klimaatferoaring feroarsaakje (lykas it begjin fan in lytse iistiid) en soarten mei útstjerren bedriigje. De Oruanui-útbarsting fan 'e Taupo-fulkaan, yn Nij-Seelân (sa'n 25.600 jier werom) hat de resintste VEI-8-útbarsting fan 'e wrâld west.
Besteande superfulkanen De minsken witte fan seis superfulkanen: de Taupo yn Nij-Seelân, de Toba op Sumatra, de Japanske Aira-kaldeara, de Long Valley-kaldeara yn de Feriene Steaten de Valles-kaldeara yn de Feriene Steaten de ferneamde superfulkaan ûnder it Yellowstone National Park yn de Feriene Steaten.
Oare fulkanen By útwreiding wurde ek krekt wat lytsere fulkanen, mei in fulkanyske eksplosiviteitsyndeks fan 7, ta de superfulkanen rekkene. Dat betsjut dat mear as 100 kubike kilometer oan fulkanysk materiaal frijkomt, lykas Campi Flegrei. De Samalas op Lombok, dy't yn de grutste útbersting fan it Holoseen oant no oan ta west hat, hat nei gedachten ek in fulkanyske eksplosiviteitsyndeks fan 7 west, doe't dy yn 1257 it waar foar jierren feroare.
Kategory:Fulkaan Kategory:Fulkanology