Claire Monis (Parys, 10 febrewaris 1922 – 25 oktober 1967) wie in Frânske sjongster, aktrise en fersetsfrou fan joadsk komôf. Sy wie in oerlibjende fan 'e Holocaust as lid fan it Frouljusorkest fan Auschwitz. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie Claire produsint fan films en telefyzjeshows.
Biografy Claire Monis wie in dochter fan in Joadske keapman dy't emigrearre oan it begjin fan 'e 20e iuw nei Frankryk, op 'e flecht foar antisemityske pogroms yn Ruslân. Hy waard mei syn dochters naturalisearre. Yn 1938 ferskynde Monis as sjongster yn 'e Frânske film Je Chante, in musical fan Christian Stengel. Dêrnei trede se op yn Paryske kabaretten.
Sy die mei oan it Frânske ferset (Forces françaises libres) en waard yn 1942 arrestearre. Sy besocht har Joadske komôf te ferbergjen foar de nije direkteur fan it Algemien Kommissariaat foar Joadske Saken, Emile Boutmy, mar hy ûntduts oan 'e ein fan 1943 dat sy Joadsk wie. Yn jannewaris 1944 kaam sy oan yn Auschwitz en ûntkaam oan de dea nei't se rekrutearre wie yn it Frouljusorkest fan Auschwitz as sjongster yn it orkest ûnder lieding fan Alma Rosé. Yn novimber 1944, nei't it orkest ûntbûn wie, waard sy oerbrocht nei Bergen-Belsen en belibbe dêr de befrijing fan it konsintraasjekamp midden april 1945.
Nei de oarloch sette se har sjongkarriêre wer op, en spile se yn produksjes lykas Andalousie fan Raymond Vincy en Albert Willemetz yn Parys yn 1948 en yn deselde rol yn Lyon yn 1949/1950. Yn 1964/65 wurke se as produksjemanager oan 'e tillefyzjesearje Les Aventures de Robinson Crusoé. Se wie ek assistint-produksjemanager oan 'e Frânske spylfilm Trois chambres à Manhattan út 1965.
Monis wie troud mei Charles Henri Kahn (1915–1999) en is ûnder oaren de mem fan de Frânsk-Amerikaanske ûndernimmer Philippe Kahn.
Sy stoar yn de âldens fan 45 jier en waard beïerdige op it begraafplak Cimetière parisien de Bagneux yn Parys.
Keppelingen om utens "The Girls in the Auschwitz Band". thegirlsintheauschwitz.band (nammen fan bandleden en noch wat ynformaasje).
Kategory:Frânsk sjonger Kategory:Frânsk toanielakteur Kategory:Oerlibbene fan Auschwitz Kategory:Oerlibbene fan Bergen-Belsen Kategory:Frânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 1967