De reuzekolibrys (Patagona) foarmje in skaai út 'e famylje fan 'e kolibrys (Trochilidae). De fûgels út it skaai steane bekend as de grutste kolibrys fan 'e wrâld en komme foar yn it Andesberchte fan Súd-Amearika.

Reuzekolibrys binne mei in lingte fan sa'n 21 oant 23 sintimeter útsûnderlik grut foar harren famylje. Se hawwe in relatyf stadige wjukslach fan 10 oant 15 slaggen de sekonde, wat mear tinken docht oan 'e flecht fan in toerswel as oan 'e ekstreem rappe wjukslach fan lytsere kolibrysoarten. Harren fearrekleed is net sa fel kleure as by oare kolibrys, mar bestiet fral út griisbrune en doffe grienige tinten mei in opfallend skier plak op 'e stút.

Taksonomy Tradisjoneel bestiet it skaai út mar ien soarte, de reuzekolibry. Ut in breed wittenskiplik ûndersyk fan 2024, wêrby't gebrûk makke waard fan DNA-analyse en it folgjen fan fûgels mei trackers, hat bliken dien dat de populaasje eins út twa aparte soarten bestiet. De súdlike populaasje briedt oan 'e kust fan Sily en migrearret oer tûzenen kilometers nei de hege Andes, wylst de noardlike populaasje it hiele jier troch op grutte hichte yn 'e Andes bliuwt.

De twa groepen hawwe har genetysk sa fier fan inoar ûntwikkele, dat se no as aparte soarten beskôge wurde. Foar de noardlike soarte waard de namme Patagona chaski útsteld, in ferwizing nei de boadskippers fan 'e Inka's (chaskis). Neffens de regels fan 'e taksonomyske nomenklatuer moat lykwols de âldst jildige namme brûkt wurde en dy is Patagona peruviana (Boucard, 1893). De namme Patagona chaski wurdt hjoed-de-dei as in junior synonym fan Patagona peruviana beskôge.

Soarten fan it skaai reuzekolibrys (Patagona) Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 120px noardlike reuzekolibry Patagona peruviana De Andes fan súdwestlik Kolombia oant noardlik Sily en noardwestlik Argentynje. net bedrige 120px súdlike reuzekolibry Patagona gigas Briedt yn sintraal en súdlik Sily en Argentynje; oerwinteret yn de Andes fan Perû. net bedrigePatagona gigas op BirdLife International

Kategory:Kolibry Kategory:Fûgelskaai