De wytnekkekolibry (Florisuga mellivora) is in fûgel út 'e famylje fan 'e kolibrys (Trochilidae). De soarte falt op troch syn kontrastearjende fearrekleed mei in wite búk en nekke en in donkere kop. De fûgel komt foar yn grutte parten fan Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika.
Ferskining De wytnekkekolibry is in relatyf grutte kolibry mei in lingte fan likernôch 10 oant 12 sintimeter. It mantsje hat in opfallend fearrekleed mei in donkerblauwe oant swarte kop en boarst, wylst de búk en nekke wyt binne. De rêch en wjukken binne meastentiids grienich of donker fan kleur.
It wyfke hat in minder kontrastearjend fearrekleed en kin wat mear lykje op oare kolibrysoarten. In grut diel fan 'e folwoeksen wyfkes kinne lykwols deseklde kleuren ha as mantsjes om minder lestich fallen te wurden troch agressive soartegenoaten. It oare diel hat it foar wyfkes typyske fearekleed.
Juvenilen ha in wite nekke en búk en in mear grize oant brune kop en boarst. Se ha ek minder blau of grien.
Fersprieding en systematyk De wytnekkekolibry komt foar fan súdlik Meksiko troch Midden-Amearika oant yn it noarden fan Súd-Amearika, ûnder oaren yn Kolombia, Fenezuëla, Ekwador en Perû. De soarte wurdt ek yn it Amazônegebiet oantroffen.
De wytnekkekolibry heart ta it skaai Florisuga. Dat skaai makket diel út fan de famylje fan 'e kolibrys (Trochilidae), dy't yn it skift fan 'e toersweleftigen (Apodiformes) pleatst wurdt. De wytnekkekolibry (Florisuga mellivora) hat twa erkende ûndersoarten: F. m. mellivora – nominaatûndersoarte; fan súdlik Meksiko troch Midden-Amearika en in grut part fan Súd-Amearika (ek Trinidad).IOC World Bird List F. m. flabellifera – in regionale ûndersoarte fan it eilân TobagoIOC World Bird List faak ek tobagensis neamd.
Ekology De soarte libbet yn tropyske bosken, boskrânen en iepen gebieten mei bloeiende planten. Ek yn tunen en parken kin de fûgel foarkomme as dêr genôch blommen binne. thumb|left|Mantsje wêrfan't dy't de wite nekke sjen lit. De wytnekkekolibry libbet foar in grut part fan nektar út blommen. Mei de lange snaffel en tonge wurdt de nektar út 'e blom helle. Dêrnjonken yt de fûgel ek lytse ynsekten, dy't wichtige aaiwiten leverje.
It nêst wurdt meastentiids troch it wyfke boud fan sêft plantemateriaal en spinnetried. Der wurde ornaris twa lytse aaikes lein.
Status en bedrigingen Neffens de IUCN wurdt de wytnekkekolibry net bedrige (Least Concern). De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en komt yn in soad gebieten noch frij algemien foar.
Mooglike bedrigingen binne benammen it ûntboskjen en feroarjen fan it leefgebiet. Yn guon gebieten profitearret de soarte lykwols fan tunen en parken mei bloeiende planten.
Kategory:Jakobynkolibry Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla