De frou is in kaart út it standert Westerske kaartspul.
Dizze kaart wurdt ek wol dame neamd, of Keninginne, tsjin de Hear oer, beynfloede troch oare talen.
Print De fjouwer froulju fan it kaartspul hearre ta de printen, de kaarten dêr't persoanen op ôfbylde binne. Ornaris steane op dy kaarten fjouwer frouspersoanen ôfbylde mei sabeare histoaryske klean. It symboal op de kaart hinget ôf fan it lân dêr't de kaart weikomt, om't it de earste letter is fan de namme fan de kaart. Nederlânske kaarten hawwe in V foar Vrouw, Dútske D foar Dame, of at it in Skatspul is O foar Ober, Ingelske in Q foar Queen, Frânske kaarten hawwe in D foar Dame om't R foar Reine betizing jout, ensafuorthinne.
Rang
De frou is de op-ien-nei heechste kaart yn har sibbe. De regels fan in ferskaat oan kaartspullen wize in oare rang as noch heger oan. By kaartspullen dy't yn Nederlân populêr binne is dat dan almeast de aas oer de Hear, yn oare lannen kin it ek de does (twa), of de Jas (boer) wêze. De âldste spylkaarten dy't wy fun hawwe, hienen hieledal gjin frouju; dat is in feroaring út de Frankryk, Dat, spullen fan âlder komôf hawwe in hege ûndergeskikte. Sa hat in skatspul hielendal net in frou, mar yn stee dêrfan is der dêr in Ober. De kaart ûnder de frou is ornaris de boer, utsein krekt dy boer dy't as jas fungearret.
kategory:Kaartspul