It Sintraalaziatysk reahart (Cervus hanglu) is in hartesoarte dy't yn 'e delling fan 'e rivier de Tarim en de omlizzende bergen fan Sintraal-Aazje foarkomt. Foar in hiel skoft waard it bist as in ûndersoarte fan it gewoane reahart (Cervus elaphus) behannele, mar sûnt 2017 is it hart op basis fan genetysk ûndersyk as in aparte soarte erkend.

Ferskining It Sintraalaziatysk reahart is 210 oant 230 sintimeter lang en hat in skofthichte fan 120 oant 130 sintimer. Syn hier is brún oant jiskebrún en ljochter op 'e flanken. Simmerdeis is it hier ljochter en readiger. De kop is lang mei in smelle snút; de lippen, earen en it kin binne wytich. In opfallend skaaimerk is it ljochte flak (de spegel) om 'e sturt hinne, dat faak lytser is as by it Europeeske reahart. De sturt is relatyf koart en ljochter oan 'e ûnderkant. It gewei fan 'e bokken hat meastentiids fiif einen de stang. Folwoeksen bokken kinne likernôch 150 oant 180 kilo swier wurde.

Fersprieding en systematyk It Sintraalaziatysk reahart komt foar yn ferskillende isolearre populaasjes yn Sintraal-Aazje. It ferspriedingsgebiet rint fan Kasjmir (Yndia) oant de Tarim-bekken yn Sina en dielen fan Turkmenistan, Oezbekistan en Kazachstan.

thumb|It tige seldsume Kasjmirreahart. De soarte wurdt opdield yn trije ûndersoarten:

It Kasjmirreahart (C. h. hanglu): Beheind ta it Nasjonaal Park Dachigam yn Yndia. It Baktrysk reahart (C. h. bactrianus): Yn 'e rivierdellings fan 'e Amu Darja en Syr Darja. It Jarkandreahart (C. h. yarkandensis): Yn it Tarim-bekken yn Xinjiang (Noardwest-Sina).

It liket der op dat de Sintraal-Aziatyske groep reaharten tusken 770.000 en 126.000 genetysk fan 'e Europeeske reaharten ôfskieden binne.

Ekology Sintraalaziatyske harten libje benammen yn iggebosken by rivieren en yn it reid by sompen yn woastyngebieten. Se binne tige goed oanpast oan ekstreme temperatuerferskillen. Harren dieet bestiet út gers, krûden en blêden fan strûken. De peartiid falt yn 'e hjerst (septimber-oktober), wêrby't de bokken harren bekende burljende lûd hearre litte om geiten te lokjen en konkurrinten ôf te skrikken.

Status en bedriging De soarte as gehiel wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. It Kasjmirreahart hat lykwols de status krityk en de populaasje bestiet út mar in pear hûndert bisten. De grutste gefaren foar de soarte binne it ferlies fan habitat troch lânbou en it streupen foar it fleis en it gewei. Yn guon gebieten, lykas yn Kazachstan, binne suksesfolle programma's opset om de populaasje fan it Baktrysk hart wer te fergrutsjen.

Kategory:Echt hart Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan